Pekela

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pekela
flagge wapen
Pekela vlag.svg Pekela wapen 2.svg
lokaasje
Locatie Pekela.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
sifers en geografy
haadplak Pekela
grutste plak Pekela
ynwennertal 12.205 (2019)
befolkingstichtens 243 / km²
oerflak 50,2 km²
● wêrfan lân 49,07 km²
● wêrfan wetter 1,13 km²
tal doarpen 51
ferkearsieren N366, N367
skiednis
oprjochte 1990
oant 1990 Oude Pekela vlag.svg Alde Pekela
Nieuwe Pekela vlag.svg Nije Pekela
oar
netnûmer 0597, 0599
postkoade 9663, 9665
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.pekela.nl

Pekela (Grinslânsk: Pekel) is in gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie yn 1990 troch gearfoeging fan de plakken Alde - en Nije Pekela. Sûnt in pear jier is de gemeente ûnder de namme De Kompanjie amtlik fusearre mei Feandam.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin de ein fan de 15e iuw liet de stêd Grins oan de kant fan it rivierke Pekel Aa in boarch bouwe om sa de macht yn 'e Ommelannen fuort te sterkjen. De kronykskriuwer Sicke Benninge hat it om 1530 hinne oer it slot by de Pekell.

Yn 1599 kochten fiif Fryske en Hollânske famyljes fean by de boarch oan en stiften dêr in feankoloanje, dy't neffens it rivierke de namme Pekela krige. Letter kocht de stêd Grins de grûn oan op om op grutskalige wize it lân oan te meitsjen. Troch it ferdjipjen fan de Pekel Aa en it oanlizzen fan wiken waard it fean ûntwettere. De turf dy't dêrnei stutsen wurde koe waard oant yn Emden en Hamburch ferkocht. Wol fiifhûndert feanarbeiders wiene dêr simmerdeis mei dwaande. Yn de twadde helte fan de 17e iuw wreide de feanterij oan de Pekel him nei it súdwesten ta út.

Topografyske kaart fan Pekela

De stêd Grins ferplichte de ferfeanters om nei it ôfstekken fan de turf de grûn geskikt te meitsjen foar lânbou. Sa ûntstie der greide en ek wat ikkerbou. Oan it begjin fan de 18 iuw waard it lintdoarp yn twa aparte doarpen ferdield: Alde Pekela (Beneden Pekela) en Nije Pekela (Boppe Pekela), oant yn 1990 de beide plakken wer gearfoege waarden ta ien gemeente Pekela. Yn de 18e iuw wie it tal bewenners bot tanommen, sadat der twa tsjerken boud wurde koene: ien foar de kalvinisten en ien foar de luteranen.

Om't bliken die dat de grûn net sa geskikt wie foar ikkerbou gyngen in soad boeren yn de twadde helte fan de 19e iuw oer op de ferbou fan fabryksierappels. Sa waard Pekela in sintrum foar de produksje fan striekarton, dat oant djip yn de jierren 1960 sa bleau. Fanwegen de minne omstannichheden koe it kommunisme ûnder de arbeiders yn dy kontreien op in soad sympaty rekkenje. Sûnt de jierren 1960 sette de mechanisaasje fan de striekartonyndustry en de lânbou útein. De reorganisaasjes hiene fûle stakingsaksjes fan gefolgen. De kommunist Fré Meis wie dêrby ien fan de foarmannen mar ek hie koe de delgong fan de yndustry net tefoarren komme.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de gemeente Pekela falle de folgjende plakken: Alteveer (foar in part), Boppe Pekela, Bronsveen, Hoetmansmeer, Nije Pekela, Alde Pekela.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Aldamt - Appingedam - Delfsyl - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Loppersum - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde