Iemsdelta

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Iemsdelta

Eemsdelta

flagge wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Eemsdelta wapen.svg
lokaasje
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
sifers en geografy
haadplak ûnbekend
grutste plak Delfsyl
ynwennertal
tal stêden 2
tal doarpen 30
skiednis
oprjochte 2021
Oant 2019 Flag of Appingedam.svg Appingedam
Flag of Delfzijl.svg Delfsyl
Loppersum vlag.svg Loppersum
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.eemsdelta.nl

De gemeente Iemsdelta (Nederlânsk: Eemsdelta) is in gemeente yn it noardeasten fan Grinslân. De gemeente wurdt op 1 jannewaris 2021 troch de gearfoeging fan de eardere gemeentes Appingedam, Delfsyl en Loppersum foarme en sil likernôch 46.000 ynwenners yn meiïnoar 32 plakken telle.

De gearfoeging is in gefolch fan de yntinsjeferklearring op 16 novimber 2017 fan de gemeentes om te fusearjen. Op 12 jannewaris waard de datum fan de fúzje fêsteld op 1 jannewaris 2021. In wetsfoarstel ta gearfoeging fan de trije gemeentes waard op 22 april 2020 troch de Twadde Keamer en op 7 july 2020 troch de Earste Keamer oannommen.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynwenners mochten sels kieze hokker namme fan de trije útstellen de nije gemeente krije soe:

  • Iemsdelta (nei de mûning fan de Iems, alhoewol't dy gjin delta is)
  • Fivelgoa (nei de krite Fivelingoa dêr't de trije gemeentes yn lizze)
  • Marenlân (in "maar" is in Grinslânske namme foar wetterrin).

De opkomst wie 42% en op 6 jannewaris 2019 makken de boargemasters fan de gemeentes bekend dat de kar foar de nije namme op Iemsdelta foel.

 
Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde