Springe nei ynhâld

Großefehn

Ut Wikipedy
Großefehn
Grootfeen
   Gemeente yn Dútslân
Brêge oer in feankanaal yn Westgroßefehn
Brêge oer in feankanaal yn Westgroßefehn
Emblemen
               
Sifers
Ynwennertal14.029 (31 desimber 2024)
Oerflak127,2 km²
Befolkingsticht.111 / km²
Hichte4 m
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Auwerk
Gemeenteyndieling14 doarpen
Oar
AdresKanalstraße Süd 54 26629 Großefehn
Koördinaten53° 23' N 7° 32' E
KfzAUR, NOR
Gemeindeschlüssel03 4 52 006
Postkoade26629
Netnûmer04943, 04944, 04945, 04946
Ferkearsieren72, 436
Stifting1972
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Offisjele webside
www.grossefehn.de
Kaart
Großefehn (East-Fryslân)
Großefehn
Kaart
Brêge oer in feankanaal yn Westgroßefehn
Lizzing fan 'e gemeente Großefehn yn 'e lânkring Auwerk

Großefehn (Eastfrysk Plat: Grootfeen[1]) is sûnt 1972 in gemeente yn de lânkring Auwerk yn Eastfryslân. De kearn fan de gemeente bestiet út de trije doarpen Ost-, Mitte- en Westgroßefehn. De ynwenners wurde 'Fehntjer' neamd.

Großefehn leit yn it suden fan it distrikt Auwerk en hat 14.029 ynwenners (stân: 31 desimber 2024) op in oerflak fan 127 kante kilometer. De gemeente is mei 110 ynwenners de kante kilometer reedlik tinbefolke en is leger as de trochsneed 148 ynwenners de kante kilometer yn Eastfryslân.

It doarp Westgroßefehn is de âldste feanterij yn Eastfryslân en nei Papenburch de op ien nei âldste yn Dútslân. Guon doarpen dy't op 'e geastrêch lizze binne folle âlder en komme fan de 7e en 8e iuw. Yn Timmel binne langhuzen opgroeven fan om it jier 700, it doarp waard pas om 900 hinne neamd yn akten fan it kleaster Werden. De skiednis fan de rest fan de gemeente Großefehn begjint yn de 17e iuw, doe't de earste feankolonisten har yn it gebiet fêstigen. De namme "Fehn" ferwiist nei de feangebieten dy't oanmakke waarden troch wiken te graven. Dy wiken waarden brûkt foar it ferfier fan turf, dat in wichtige brânstof wie yn dy tiid. De gemeente hat in rike skiednis fan feankultuer en de ûntwikkeling fan de feanterijen.

De gemeente ûntstie yn 1972 yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen nei it gearfoegjen fan de 14 doarpen dy't oan't doe selsstannige gemeenten wiene en no dielgemeenten binne.

De ekonomy fan 'e gemeente wurdt skaaimerke troch midgrutte bedriuwen en toerisme. De gemeente lûkt it jier mear as 190.000 besikers. De lânbou spilet in wichtige rol, dêr't de melkfeehâlderij de wichtichste fan is. De gemeente is lykwols in forinzegemeente.

Großefehn hat in oerflak fan likernôch 127,23 km² en leit yn it hert fan Eastfryslân. De gemeente wurdt omjûn troch de stêden en gemeenten Auwerk, Südbrookmerland, Ihlow, Moormerland, Hesel en Wiesmoor. It lânskip bestiet út feangebieten, kanalen en greiden. Yn it westen lizze de Timmeler Mar, de Boekzeteler Mar en it Feantsjer Djip.

De gemeente Großefehn bestiet út 14 Ortschafte (doarpen en buorskippen) mei ynwenners (stân: 31 july 2022):

KearnYnwennersKearnYnwenenrs
Akelsbarg525Ostgroßefehn (haadplak)3.788
Aurich-Oldendorf (mei Hooge Brinken en Moorlage)1.603Spetzerfehn1.934
Bagband392Strackholt1.538
Felde191Timmel1.132
Fiebing164Ulbargen181
Holtrop1.553Westgroßefehn196
Mittegroßefehn1.059Wrisse197

Yn 'e geastgrûn fan 'e gemeente binne fynsten út ferskate prehistoarsyke tiidrekken registrearre. By Bagband is in neolityske delsetting mei guon artifakten oantroffen, lyas in part fan in bile, dy't mooglik út 'e Trachterbekerkultuer komt. Ek by Felde waard in soartgelikense fynst dien. Oan 'e hân fan soksoarte fynsten en de lizzing fan grêfheuvels waard it Eastfryske wegenet út 'e brûnstiid rekonstruearre. Ien fan de wichtichste diken rûn neffens dy rekonstruksje troch it gebiet fan 'e gemeente. Dy ferbûn de geast yn it gebiet fan 'e plakken Lier en Hesel mei it geastgebiet fan Auwerk. As natuerlike barriêre tusken dy gebieten lei it sompegebiet om it hjoeddeistige Spetzerfehn.

Yn it gebiet fan 'e gemeente binne ek keramykskerven út 'e Romeinske tiid fûn. Mooglik hiene de Romeinen in militêr kampemint oan 'e Iems en it wiist op ruilhannel tusken de doetiidske bewenners fan it gebiet en dat kamp.

Midsiuwen en iere moderne tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke fan Aurich-Oldendorf fan om 1270-1280 hinne

De âldste delsettings yn it gebiet komme fan de 7e en 8e iuw. It geit dêrby om op 'e geastgrûn lizzende doarpen, Aurich-Oldendorf en Holtrop yn it noarden Bagband en Strackholt yn it suden. Yn it noarden is Aurich-Oldendorf mooglik it âldste plak. Dy plakken waarden de Hooge Loogen neamd. In grut tal fynsten út 'e stientiid en brûnstiid, de Romeinske tiid en de midsiuwen wize op in iere en permaninte bewenning fan it gebiet. Yn 'e idsiuwen hiet it plak mooglik oars, dochs is dy namme ferlern gien. Letttere kolonisten neamden it plak Aldenthorpe, dat letter Oldendorf, itjinge "âlde doarp" betsjut. De tafoeging "Aurich" kaam letter om ûnderskiet te meitsjen oan oare plakken mei de namme Oldendorf yn 'e omkriten. Holtrop wurdt mooglik beskôge beskôge as de op ien nei âldste delsetting yn it noarden fan it gebiet fan 'e gemeente. Lykas by Strackholt yn it suden ferwiist Holtrop (earder Holtdorp) nei bosk yn 'e iere midsiuwen op 'e geast. Dy waarden foar it winnen fan hout kapt, mar ek om ikkerlân te meitsjen. Fynsten wize boppedat op it winnen fan izererts.

De doarpen Felde en Wrisse waarden yn 'e hege midsiuwen út stifte. Beide plaknammen ferwize nei de geografyske sitewaasje. Felde ferwiist nei de eardere heidefjilden en Wrisse nei it greidlân. Dy plakken waarden mooglik út it suden wei, by Lier en omkriten, kolonisearre. Dat wurdt ûnderstipe troch it feit dat it gebiet fan Großefehn yn 'e midsiuwen ta it Bisdom Múnster hearde, wylst it fierder nei it noarden ta lizzende gebiet fuortendaliks om Auwerk hinne ta it Bisdom Bremen hearde.

Timmel wurdt as ien fan de âldste delsettings fan 'e gemeente beskôge. Yn it doarp, dat oan 'e râne fan 'e geast, flakby it rivierke de Flumm en dus oan in skipfeartrûte lei, binne spoaren fan delsettings mei hûsplattegrûnen út 'e 8e iuw fûn. Yn 'e 10e iuw waard Timmel as earste fan alle doarpen yn dokuminten neamd. Nei alle gedachten fêstigen sistersjinzers har yn 1121 yn Timmel. Dêr hat lykwols nea in kleaster yn Timmel west, allinnich in foarwurk fan 250 oant 300 bunder mei in eigen kapel. Dy waard yn 1469 troch it kleaster Klaarkamp by Rinsumageast foar 20 jier lang ferpachte oan it kleaster Ihlow. Letter waard er oerdroegen oan it kleaster Thedinga by Lier en nei de Reformaasje kaam er yn 'e hannen fan it Eastfryske grevehûs. Yn 'e 13e iuw ûntstiene de easrte tsjerken fan 'e gemeente, dy't nei alle gedachten houten foargongers hiene. Mei útsûndering fan dy fan Timmel binne de stiennen gebouwen hjoed-de-dei allegear bewarre bleaun.

Yn 'e snuorje nei de tsierderijen tusken de famyljes Tom Brok en Ukena, en letter Sirksena, kaam it gebiet lang om let yn hannen fan 'e Sirksena's. Dy waarden yn 1464 ta ryksgreven ferheft en regearren de folgjende 280 jier oer Eastfryslân. Yn 'e iere 16e iuw wie de Reformaasje yn Eastfryslân, dêr't it gebiet nei it lutheranisme ta bûgde, wylst yn it westen fan Eastfryslân it kalvinisme de oerhân hie. Dat kaam trochdat de regel cuius regio, eius religio net yn it swakke greefskip Eastfryslân ôftwongen wurde koe. Yn 1599 waard dy skieding yn it Konkordaat fan Emden fêstlein. Dêr waard ek yn fêstlein dat de ôfsûnderlike gemeenten sels harren leauwensrjochting bepale koene.

By de Tritichjierrige Kriich waard it gebiet ferskate kearen teheistere troch frjemde troepen, Timmel waard yn dy snuorje troch de troepen fan Mansfeld skansearre. Ek yn Strackholt skeinde de troepen huzen.

Feankolonisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Brêge oer it Fehnkanaal yn Spetzerfehn

Yn 1633 krigen de fjouwer Emder keaplju Simon Thebes, Claas Behrends, Cornelius de Rekener en Gerd Lammers tastimming fan de Eastfryske greve Ulrich II en graaf de noch net oanmakke heechfean ôf troch it oanlizzen fan feankanalen nei Nederlânsk foarbyld. Dy tsjinnen oan iene kant foar it ûntwetterjen fan it feangebiet en oan oare kant foar it ferfieren fan turf. De ouwers waarden in gaadlike plak foar kolonisten om har te fêstigjen. De fjouwer Emders rjochten foar dat doel de Großefehn-Kompanie (Großefehn Gesellschaft) op, dêr't se oandielen yn hiene. It earste te kultivearjen gebiet besloech 400 deimêd. De keaplju krigen it gebiet yn erfpacht en ferpachten it wer fierder oan 'e kolonisten. (West-)Großefehn waard dêrmei de âldste neffens dat type oanleine feankoloanje yn Eastfryslân.

De eftergrûn fan it oprjochtsjen fan feankoloanjes binne, lykas faak it gefal is yn 'e skiednis fan Eastfryslân, foar it grutste part bûten de grinzen te finen. Fean wie yn dy tiid de wichtichste brânstof fan de Eastfriezen. Boppedat soarge ferbettere ôfwetteringsmooglikheden en dêrtroch better rispobringsten yn it klaaigebiet foar de opkomst fan de Eastfryske pleats, dêr't hieltyd mear bakstiennen nedich foar wiene. Hoewol't de regio ryk wie oan turf as brânstof, hellen stêden as Emden en de fruchtbere lanlike gebieten lykas it klaaigebiet it grutste part út Grinslân, en yn mindere mjitte út it Sealterlân wei. Doe't de Nederlânske oerheid yn 1621 it ferbod op eksport fan turf oplei, om't it boskearme lân de brânstof sels driuwend nedich hie. Doe't troch de Tritichjierrige Kriich it leverjen fan trurf út it Sealterlân stillei, fergen de fjouwer keaplju út Emden de greve foar tastimming en stiftsje in eigen feankoloanje.

Stadichoan fêstigen har de earste kolonisten. Ynearsten út oanswettende geastdoarpen en letter ek út it Aldenburchske Múnsterlân. De greve en de keaplju hiene der belang by om de kolonjale pacht sa fluch mooglik ferdwine te litten. Dêrom bleaune de perselen frij lyts en wiene se krapoan grutter as in bunder. Dat late ta dat kolonisten letter beroppen bûten de lânbou dwaan moasten, om't der mar in part fan harren it besit fergrutsje koe om allinnich fan 'e lânbou libje te kinnen. Ek leine in soad Fehntjers fan de 18e iuw ôf de neidruk op de skipfeart, ynearsten de feanfeart tusken de koloanjes en de stêden, benammen Emden en letter ek op de seefeart. De krystfloed fan 1717 feroarsake net allinnich grutte skea oan 'e Eastfryske kust, mar ek yn it binnenlân, dus ek yn 'e feankoloanje. In soad minsken en fee kamen dêr by om it libben. De plakken op de heger lizzende geast bleaune dêrfoaroer besparre.

Fruchtberensedikt

Nei't de lêste greve fan Eastfryslân, Karel Edzard, op jonge jierren ferstoar, foel Eastfryslân yn 1744 oan Prusen. Om 1760 hinne, krapoan 130 jiet nei it begjin fan it oanlizzen fan it Fehnkanaal, berikke er de eastlike grins fan Mittegroßefehn. Nei it Fruchtberensedikt fan 1765, om it lân fruchtber te meitsjen, ûntstiene nije feankoloanjes, dy't net neffens it Fehnkanaal-prinsipe oanlein waarden. Fiebing ûntstie yn 1783 doe't Tamme Fiebing him yn 'e sompe súdeastlik fan Strackholt fêstige. [[Yn 1798 waard Akelsbarg stifte. Ek ûntstiene yn 1798 de delsettings Wrisser Hammrich en Wriiser Moorlage noardeastlik fan it memmedoarp Wrisse.

Yn 1806 waard it gebiet, mank mei gâns Eastfryslân, part fan it Keninkryk Hollân, dat op syn bar yn 1810 oan it Frânske Keizerryk tefoege waard. Yn 'e Frânske tiid wie Timmel it sit fan in kanton mei deselde namme, dat njonken it gemeentegebiet fan Großefehn ek it westlike gemeentegebiet fan Ihlow en de gemeente Moormerland omfieme. Yn 1811 fersetten Fehntjer-skippers har tsjin rekrutearjen troch it Napoleontyske leger foar de Frânske marine. By de Tatjebrêge by Timmel kaam it ta in fjochtsjen tusken de skippers en soldaten. De skippers moasten belies jaan en as straf waarden 300 Fehntjer-seelju twongen oerpleatst nei Frânske skippen.

Fan 1813 oant 1815 kaam it gebiet fannijs by Prusen, mar by it Kongres fan Wenen waard bepaald dat Eastfryslân by it Keninkryk Hannover komme soe. Yn 'e iere 19e iuw kochten gegoede Fehntjers oandielen yn de Großefehn-Gesellschaft, dy't yn 1840 foar it grutste part yn hannen wie fan pleatslike bewenners. Yn 1846 waard yn Timmel in seefeartskoalle stifte.

Nei 1830 waard de earste strjitwei fan Eastfryslân, tusken Lier en Auwerk oanlein, de hjoeddeistige B72. Yn 'e 1870-er jierren, nei it ûntstean fan it Dútske Keizerryk yn 187 waard de ynfrastruktuer útwreide. Yn 1870 waard mei in dyk mei klinkers oanlein fan Westgroßefehn oer Timmel nei Neermoor en letter yn 1872 folge in ferlenging fan Westgroßefehn oer Ostersander nei Schirum by Auwerk. Dat wie de foarrinner fan de hjoeddeistige Landesstraße 14. Noardlik fan Holtrop waard tuske 1880 en 1888 it Iems-Jadekanaal oanlein, dat Emden en Wilhelmshaven mei-inoar ferbûn. Al yn 1850 hie it Eastfryske Lânskip foarsteld om it súdliker lizzende Großefehnkanaal fierder troch des sompe oan de Jadeboezem troch te lûken. Dat foarstel waard yn it Hannoveriaanske tiidrek net fierder útwurke.

Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw emigrearren in soad Fehntjers nei de [[Feriene Steaten. Dat late ta it sakjen fan it tal ynwenners en in stadigere oanwaaks fan 'e befolking. In wichtige reden we it tanimmen fan it winnen fan stienkoal, dêr't turf as brânje hieltyd mear troch ferkrongen waard. Boppedat koene Fehntjer skippers mei har houten sylskippen nei mear konkurrearje tsjin de izeren skippen op see en it opkommen fan it spoarferkear.

Ne de Twadde Wrâldkriich namen de doarpe fan de gemeente Großefehn in grut tal flechtlingen út 'e eastlike gebieten fan it Dútske Ryk op, al ferskilde it tal it doarp.

Gemeentlike weryndieling fan 1972

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 july 1972 fusearren de 14 gemeenten Akelsbarg, Aurich-Oldendorf, Bagband, Felde, Fiebing, Holtrop, Mittegroßefehn, Ostgroßefehn, Spetzerfehn, Strackholt, Timmel, Ulbargen, Westgroßefehn en Wrisse ta de hjoeddeistige gemeente Großefehn. As gemeentenamme waard it sintrale Großefehn keazen, as haadplak de grutste gemeente Ostgroßefehn. Op 1 jannewaris 1973 waard in gebiet mei 200 ynwenners oan 'e gemeente Hesel yn 'e lânkring Lier ôfstien. Wie it eartiids dreech en foarmje in sintrum yn 'e delsettings by it Fehnkanaal del fanwegen it tige langhalige karakter fan de delsettings, woeks Ostgroßefehn nei de gemeentlike weryndieling troch oanwizings fan nije bouterreinen, ek oan oare kant fan it Fehnkanaal, út ta it sintrum fan 'e gemeente. It ynwennertal fan wat doe al it grutste doarp wie, gie doe fluch omheech, sa't it gemeentlik bestjoersintrum, it wichtichste winkelsintrum en de lokaasje fan trije bedriuweterreinen fan de gmeente hjoed-de-dei fierwei de grutste is. Mittelgroßefehn en Ulbargen binne twa oare lokaasjes fan bedriuweterreinen, wylst Westgroßefehn, en yn it bysûnder Timmel fan toeristysk belang binne. Mittelgroßefehn is as lokaasje fan it stoart fan 'e lânkring Auwerk fan belang foar de regio.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
JierYnwenners
18214.674
18486.685
18717.977
18857.885
JierYnwenners
19058.280
19259.253
19399.421
194612.130
JierEinwohner
195012.094
196110.412
197011.170
200913.344
JierYnwenners
201613.927
201713.926
201913.982

Ekonomy en ynfrastruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferkear yn Eastfryslân

De ekonomy fan Großefehn wurdt foaral droegen troch de lânbou, mar ek troch toerisme en ambachtlike bedriuwen. De wiken, de moles, it typyske feanlânskip en it wetter lûke in protte toeristen. Yn Ostgroßefehn binne de measte bedriuwen fêstige.

Großefehn is goed ferbûn troch regionale wegen. De B72 is de wichtichste noard-súd ferbining en yn it westen leit de A31 op inkelde kilometers ôfstân. De B436 trochkrúst de gemeente fan Hesel yn it westen nei Wiesmoor yn it easten. De gemeente is goed berikber mei de auto en der binne ek ferskate fytsrûtes dy't de doarpen ferbine. De stêden Auwerk en Lier biede fierdere foarsjennings en tsjinstferlieningen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boekzeteler Mar
Fehnmueseum Eiland

Timmel hat in ferskaat oan toerisme en is oanmurken as loftkueroarde. Súdwestlik fan it doarp is de 25 hektare grutte rekreaasjemar Timmeler Mar mei strânfasiliteiten, in fakânsjehúskepark en in kamping. Op 'e gemeentegrins mei Moormerland leit de Boekzeteler Mar en de omkriten stiet ûnder naoerbeskerming. Oan 'e eastkant fan it doarp is in grut rutersportsintrum, dat eigendom is fan 'e gemeente en gaadlik is foar grutte eveneminten op it mêd fan 'e hynstesport. Fierders binne der yn it doarp noch guon histoaryske gebouwen, lykas de eardere seefeartskoalle en guon Eastfryske pleatsen (Dútsk: Gülfhäuser) dêr't in koarte toeristyske rûte bylâns útset is.

Troch de gânse gemeente hinne rinne guon lange-ôfstânfyts- en kuierrûten. Op de kanalen en oar wetter binne kanotochten mooglik.

Yn Bagband is it histoaryske brouhûs en de nijmoadrige brouwerij dy't sûnt 1999 yn it doarp fêstige is.

Yn Westgroßefehn, dat ek in loftkueroarde is, is it streekmuseum Fehnmuseum Eiland en in histoaryske weefkeamer.

Ferskate doarpen hawwe in kultuerhistoarysk, meast, midsiuwske doarpstsjerke. In karút:

De gemeente hat fiif âlde wynmûnen, lykas:

  • De mûne fan Bagband, in achtkantmûne fan 1812 dy't noch hieltyd wurket as nôtmûne.
  • De mûne fan Felde, in achtkantmûne út 1866
  • De mûne fan Spetzerfehn, in achtkantmûne út 1866, dy't ek noch hieltyd yn kommersjeel gebrûk is
  • De mûne fan Westgroßefehn, ek in achtkantmûne
  • De mûne fan Ostgroßefehn

Sitferdieling gemeenteried

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried fan Großefehn hat 31 leden: 30 leden fertsjintwurdigje de ferskate partijen en ien sil is fan taparte oan de keazen boargemaster.

partij 2011 2016 2021
SPD141412
CDU988
Bürgerliste444
Ferskate pleatslike partijen--2
Bündnis 90/Die Grünen222
Die Linke111
FDP-11
Boargemaster111

Partnergemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://oostfraeisk.org/main.aspx?W=Gr%C5%8D%27f%C4%93n&df=frs&fts=J

Foar oare boarnen, sjoch de:Großefehn

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Großefehn fan Wikimedia Commons.
Großefehn
Haadplak: Ostgroßefehn
Doarpen: AkelsbargAurich-OldendorfBagbandFeldeFiebingHoltropMittegroßefehnSpetzerfehnStrackholtTimmelUlbargenWestgroßefehnWrisse
· · Berjocht bewurkje
Eastfryslân
Flagge fan de Eastfryslân
Flagge fan de Eastfryslân
Auwerk (haadstêd) - Baltrum - Berumbur - Blomberg - Boarkum - Brinkum - Bunde - Detern - Dornum - Dunum - Emden - Esens - Eversmeer - Filsum - Firrel - Friedeburg - Großefehn - Großheide - Hage - Hagermarsch - Halbemond - Hesel - Hinte - Holtgast - Holtland - Ihlow - Jemgum - Júst - Krummhörn - Langereach - Leezdorf - Lier - Lütetsburg - Mariënhafe - Moormerland - Moorweg - Nenndorf - Neuharlingersiel - Neukamperfehn - Neuschoo - Norden - Norderney - Nortmoor - Ochtersum - Osteel - Ostrhauderfehn - Rechtsupweg - Rhauderfehn - Schwerinsdorf - Schweindorf - Spikereach - Stedesdorf - Südbrookmerland - Upgant-Schott - Uplengen - Utarp - Weener - Werdum - Westerholt - Westoverledingen - Wiesmoor - Wirdum - Wittmund
· · Berjocht bewurkje