Springe nei ynhâld

Kleaster Ter Apel

Ut Wikipedy
Kleaster Ter Apel
Klooster Ter Apel
Lokaasje
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
adres Boslaan 3
9561 LH Ter Apel
koördinaten 52° 52' N 7° 4' E
Ynformaasje bou
hjoeddeiske funksje museum, keunstgallery
arsjitekt Ir. Cornelis Lodewijk de Vos tot Nederveen Cappel (1930-1933)
Johannes Exner (2000-2001)
boujier 1465-1561
Restauraasje:1930-1933
Utwreiding: 2000-2001
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 37457
Webside
www.kloosterterapel.nl
kloosterkerkterapel.nl
Kaart
Kleaster Ter Apel (Grinslân)
Kleaster Ter Apel

It kleaster Ter Apel (Nederlânsk: Klooster Ter Apel) is in earder kleaster yn it súdeasten fan Grinslân by it doarp Ter Apel. It kleaster waard yn de fyftjinde iuw boud. Yn it konvintsgebou binne in Museum foar Kleaster- en Tsjerkeskiednis & Religieuze Keunst en twa galeryen foar hjoeddeistige keunst fêstige. De eardere leketsjerke, dy't de súdwjuk fan it kleaster foarmet, docht hjoed-de-dei tsjinst as in herfoarme PKN-tsjerke. Foar it kleaster oer stie earder it brou- en bakhûs fan it kleaster. Nei it opheffen fan it kleaster waard dêr it Kommandeurshûs fan de stêd Grins yn fêstige en letter kaam Hotel Boschhuis dêryn.

It kleaster Ter Apel leit yn it uterste súdeasten fan Grinslân op in beboske sânrêch op de iuwenâlde hannelsrûte tusken Grins en Múnster. Foar reizgers en pylgers wie it kleaster in plak fan gastfrijens en tawijing. Hjoed-de-dei is it kleaster noch hieltyd in moetingsplak, mar no mear foar keunstners en guon dy't kultuer en keunst lije meie.

It kleaster Ter Apel wie it lêste kleaster yn Grinslân dat stifte waard, mar is hjoed-de-dei noch de iennige fan de 34, dy't der yn de hjoeddeistige provinsje stien hawwe en as in kleaster werom te kennen is.

It Kleaster Ter Apel yn 1842 troch Jan Ensing

Yn 1464 joech Jacobus Wiltingh, dy't pastoar yn Garrelsweer en fikarus yn Loppersum wie, syn delsetting Apell oan de Oarder fan it Hillich Krús (Ordo Sanctae Crucis), mei betingst dat dêr in kleaster boud wurde soe. Yn maaie 1465 kaam it generaal kapittel fan de krúshearen byïnoar yn Hoei oan de Maas. It bestjoer fan de oarder fan it kleaster dêre namen Apell as in jefte fan God oan. It beneamde it Krúshearekleaster Sint-Gertrudis yn Bentlage oan de Iems by Rheine ta memmekleaster. Dêrwei waarden fjouwer preesters en inkelde lekebruorren nei Apell stjoerd. Sa ûntstie der in nij kleaster yn it goa Westerwâlde dat de namme Domus Novae Lucis (Hûs fan it nije Ljocht) krige. Tusken 1465 en 1561 waard der wurke oan de bou fan it kleaster neffens in midsiuwsk plan. Njonken it konvintsgebou waarden der in poartegebou, wettermûnen, brou- en bakhûs en in tahâld foar gasten boud.

Mei it oermasterjen fan it gebiet troch Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg yn 1593 kaam de reformaasje ek yn it gebiet en it katolike leauwen waard ferbean. It kleaster kaam, lykas de rêst fan Westerwâlde yn it besit fan de stêd Grins.

De kleastergong

Nei 1600 rekke it kleaster yn it neigean troch stoarmen, brân en de hege ûnderhâldskosten. It steatlike kleaster waard oant 1930 gauris feroare. De westgevel waard nei 1755 ôfbrutsen en yn 1834 waard de boppeferdjipping mei de sellen fan de krúshearen sloopt en yn 1837 folgen de ferrinnewearre ferwulften fan de tsjerke.

Op oantrunen fan de stêd Grins, dy't noch hieltyd eigener fan it kleaster en syn grûngebiet wie, waard tusken 1930 en 1933 it kleaster, safier't it noch net sloopt wie, fannijs opmakke en restaurearre. It plan foar it ophelpen stie ûnder lieding fan stedsynzjenieur De Vos tot Nederveen Cappel. Op de grûnferdjipping bleaune de trije fleugels fan it oarspronklike fjouwerkant bestean: de kanunikke- en leketsjerke yn de súdfleugel; de kapittelseal en sakristy yn de eastfleugel; de refter (hjoed-de-dei kleasterkafee De Refter), de oerwulve foarriekelder, subpriorkeamer, priorkeamer en it gasteferbliuw yn de noardfleugel. Troch de oerbôgjende bakstiennen kleastergong bleaune dy romten meiïnoar ferbûn en dy omfiemje it kleasterhôf, dêr't ek in krûdetún yn leit.

Sûnt 1992 heart kleaster Ter Apel ta de Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch.

Under lieding fan de Deenske arsjitekt Johannes Exner waard healwei 2000 úteinsetten mei it bouwen fan de nije westfleugel. Yn septimber 2001 wie it wurk dien.

Njonken it kleaster stie oant 2007 in âlde linebeam mei de bynamme Tolve Apostelsbeam.

  • N.J.J. Vermeulen, Het klooster Ter Apel, yn: Clairlieu: tijdschrift gewijd aan de geschiedenis der Kruisheren 48/49 (1990-1991), siden 3-91

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kleaster ter Apel fan Wikimedia Commons.