Gertrudis fan Nijvel

Ut Wikipedy
Sint-Gertrudis troch Miguel Cabrera (1695–1768)

Gertrudis fan Nijvel (ek: Sint-Geartrui; * 626; † 17 maart 659) wie in abdisse fan it Augustinekleaster Nijvel yn Belgje en wurdt yn de roomske tsjerke fereare as hillige.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gertrudis wie de dochter fan de Pepyn de Aldere, hôfmaster fan Austraasje, en syn frou Ida (of Iduberga) en dêrmei wie hja besibbe oan Karel de Grutte. Doe't Gertrudis fjirtjin waard, ferliet hja it âlderlik hûs om te wenjen yn it troch har mem stifte dûbelkleaster fan Nijvel. Nei de dea fan har mem yn 652 naam Gertrudis oant har fertsjerren de lieding fan it kleaster oer.

As abdisse krige Gertrudis namme troch har grutte soarch foar siken en widdo's. Se joech rûnreizgjende pylgers en selssippen te iten en fersocht Ierske muontsen te kommen om te ûnderwizen yn de Bibel, liturgy en de keunst. Oeral liet hja tsjerken, kapellen skoallen en gasthûzen bouwe.

Gertrudis ferstoar yn de âldens fan 33 jier

De skryn fan Sint-Gertrudis

Ikonografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gertrudis wurdt fakentiden yn in benediktynsk habyt mei kromstêf ôfbylde. Hja hat faak in mûs of mear mûzen by har, in boek, in spinwiele, in sylskip of twa ringen oan de rjochter earm.

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint-Gertrudis is beskermhillige fan sikehûzen, earmen, widdo's, pylgers en reizgers. Hja wurdt oanroppen tsjin mûze- en rattepleagen, mar ek by koarts, ekseem en kwalen mei de eagen of senuwoandwanings.

De skryn fan Sint-Gertrudis waard yn 1940 troch in Dútsk bombardemint op de stêd Nijvel yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige. Yn de jierren 1990 is in nije skryn makke, wêrby't fragminten fan de midskiuwske skryn yntegrearre binne.

Feestdei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feestdei fan Gertudis wurdt op 17 maart holden.

Fryske Gertrudistsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek de tsjerke fan Lichtaard wurdt somtiden mei de namme Gertrudis oantsjut. Dit is lykwols in misfetting dy't stamt út de 19e iuw, doe't der yn de literatuer betizing west hat mei de Gertrudistsjerke fan Lytsewierrum.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gertrud von Nivelles