Springe nei ynhâld

Refektoarium

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Refter)
Simmerrefektoarium fan it kleaster yn Seligenstadt (Dútslân)

In refter of in refektoarium is in grutte romte mei in meastentiids leech plafond of ferwulft dat as ytseal yn in kleaster tsjinst docht. It wurd stamt fan it Latynske reficere, wat ophelpe (yn dizze betsjutting dus "jin ferhelje") betsjut.

Yn roomske kleasters stiet yn de refter oan it ein fan de tafels en banken fakentiden in lessener of in buro. Wylst hja swijend ite harkje de muontsen of nonnen dan nei de wurden fan de tafellêzing. Dat kinne stichtlike stikken wêze, mar ek nijs of oare opbouwende ferhalen.

Yn de otterdoksy wurde refters fakentiden beskildere neffens in fêst tradisjoneel programma. Utbylde wurde Bibelske foarstellings dy't mei iten en drinken te krijen hawwe. Yn roomske kleasters ûntbrekt sa'n fêst byldprogramma en stiet de dekoraasje frij, alhoewol't ûnder ynfloed fan de Italjaanske renêssânse it wol moade waard om in soad refters mei fresko's fan it Lêste Jûnsmiel te beskilderjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]