Hegesân
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen

De Boeg, monumint foar de skipfeart op it fierder dimpte Winschoterdiep, makke troch Nico Bulder. Op de eftergrûn de patrysjerswenning fan de 19e iuwske yndustrieel Ipe Annes Hooites.
Hegesân (Nederlânsk en offisjeel: Hoogezand; Grinslânsk: Hogezaand ) is in plak yn de provinsje Grinslân. It is ek de nammejouwer fan de destiidske gemeente dy't yn 1949 mei de gemeente Sappemeer opgien is yn de hjoeddeiske gemeente Hoogezand-Sappemeer.
It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Damkerk, in sealtsjerke út 1669.
- De klokketoer fan de Damtsjerke út 1783. Dy heart by de tsjerke, mar stiet der eintsje by wei.
- It eardere gemeentehûs fan Hegesân oan de Hoofdstraat, wyls ferboud ta kantoaren.
- It Nederlânsk Herfoarme begraafplak en begraafplak De Stille Hof.
- It Nationaal Bus Museum
Berne yn Hegesân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Johannes Jacob Bleeker (1831-1868), boargemaster fan Hêgesân
- H.B. Bulder (1890-1955), arsjitekt
- Nico Bulder (1898-1964), byldzjend keunstner en dosint
- Ipe Annes Hooites (1812-1891), skipsbouwer, boargemaster fan Hegesân
- Peter de Kan (1957), grafysk ûntwerper
- Marten Klompien (1917 - 1996), keunstskilder, lid fan De Ploeg
- Joan Leemhuis-Stout (1946), Kommissaris fan de Keninginne yn Súd-Hollân
- Sebastiaan Matheüs Sigismund Modderman (1820-1900), boargemaster fan Grins
- Stefan Nijland (1988), fuotballer
- Martijn van der Laan (1988), fuotballer
- Elbert Roest (1955), boargemaster fan Laren
- Hendrik Spiekman (1874-1917), mei-oprjochter fan de SDAP
- Nanne Tepper (1962-2012), skriuwer
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hoogezand fan Wikimedia Commons. |