Hûnsrich
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
De Hûnsrich (Nederlânsk en Nedersaksysk: Hondsrug) is in sânrich fan 70 km op de eastrâne fan it Drintsk Plato, fan Grins oant Erika. Der wurdt meast oannaam dat de Hûnsrich in sydmorene is. De namme soe komme fan Hunze-rich, nei de stream dy't oan de eastkant de rich bylâns rint.
It noardlikste punt fan de Hûnsrich is yn Grins, dêr't it Heechstrjitsje it hichtepunt fan Grins foarmet. Yn it suden is it Hoantsjedún by Emmen it heechste punt fan Drinte, mei 26,5m hichte.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hûnsrich fan Wikimedia Commons. |