Hunze
Appearance
De Hunze is in streamke yn de provinsje Drinte en Grinslân. De Hunze begjint westlik fan Gasselte, dêr't de wetterstreamen Voorste en Achterste Diepje byinoar komme. Foar't de Hunze by Waterhuizen yn it Winschoterdiep mûnet feroaret de wetternamme lokaal yn nammen as Oostermoerschevaart, Selwerderdiepje, Reitdiep en Drentsche Diep. De Hunze streamt troch it Zuidlaardermeer.
It eardere Fryske goa Hunzegoa ferwiist nei de âlde wetterstream dy't oarspronklik yn 'e omkriten fan Piterbuorren útmûne yn 'e Waadsee.