Springe nei ynhâld

Súdlaardermar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Zuidlaardermeer)
Súdlaardermar (by Meerzicht)

De Súdlaardermar (somtiden Wolfsbargemar) is in mar fan 540 ha mei ek noch 120 ha oan overlanden, benoarden Súdlaren en súdwestlik fan Hegesân. It is part fan it Drintsk-Grinzersk marrekrite.

Súdlaardermargebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutte stikken fn de mar en de njonken lizzende polders hat stichting It Grinzer Lânskip it bewâld oer. De mar en omkriten is oanmurken foar Natura 2000 natoergebiet.

De Súdlaardermar is ûntstien yn de midsiuwen.

Yn de boaiem fan de mar wurde hjir en dêr balstiennen fûn. Dat soene oerbliuwsels fan âlde wegen troch it eardere fean wêze kinne.

De mar leit foar likernôch in fearns part yn Drinte en foar sa'n trijefearns diel yn Grinslân. Utsein de fargeulen is de mar faak net djipper as ien meter. De mar kriget syn wetter fan de Hunze dy't har boarne hat yn it eardere fean ûnder Valthe. De Hunze komt de mar yn oan de súdkant ferlit dy as Drintske Djip oan de noardkant. Ek it Kieldjip komt yn de mar út.

Op de mar wurdt in protte syld. Oan de Drintske kant lizze de jachthavens De Bloemert, Plankensloot en Meerzicht. De noardside hat de jachthavens de Rietzoom en de Leine en it kapitale rekreaasjedoarp Meerwijck (mei jachthaven). It doarp Noardlaren is troch it Noardlaarderfeartsje te berikken.

Oan de noardkant is in rekreaasjestrân.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: