Geert Jelle de Vries

Ut Wikipedy

Geert Jelle de Vries (Skearnegoutum, 6 oktober 1974) is in âld Frysk proffuotballer.

De Vries fuotballe by de amateurs fan Fuotbalferiening Skearnegoutum en Hubert Snits. Yn 1992 gie hy nei SK It Hearrenfean ta. Hjir fertsjinne hy in kontrakt en op 30 april 1995 yn de wedstriid tsjin Sparta Rotterdam debutearre hy yn it betelle fuotbal. Yn dat seizoen soe it by dizze wedstriid bliuwe. Ek yn it seizoen 1995/1996 kaam hy net folle oan spyljen ta, dêrom gie hy yn de simmer fan 1996 nei SK Cambuur Ljouwert. Hjir waard hy faker ynset, mar troch in stik as wat blessueres kaam hy yn de seizoenen 1999/2000 en 2000/2001 yn totaal mar tsien kear yn aksje. Yn 2002 waard it ôfrinnende kontrakt fan De Vries net ferlinge. By Cambuur makke hy ûnder oare de twadde promoasje fan de klup yn 1998 nei de Earedifyzje mei. Ek de degradaasje yn 2000 hat hy as spiler mei krigen.

In nije profklup siet der foar De Vries net yn, dêrom gie hy foar de amateurs fan SK De Jouwer fuotbaljen. By De Jouwer waard hy in it earste jier kampioen fan de earste klasse, wêrtroch de ploech it jier dêrop yn de haadklasse útkomme soe. Sûnt it seizoen 2006/2007 spilet De Vries foar Snits Wyt Swart.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder de statistiken fan Geert Jelle de Vries yn it proffuotbal. Allinnich de kompetysjewedstriden binne hjir yn te sjen.

Seizoen Klub Kompetysje Wedstriden Doelpunten
1994-1995 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earedifyzje 1 0
1996-1996 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earedifyzje 5 0
1996-1997 flagge fan Nederlân SK Cambuur Ljouwert Earste difyzje 14 0
1997-1998 flagge fan Nederlân SK Cambuur Ljouwert Earste difyzje 21 3
1998-1999 flagge fan Nederlân SK Cambuur Ljouwert Earedifyzje 20 1
1999-2000 flagge fan Nederlân SK Cambuur Ljouwert Earedifyzje 5 0
2000-2001 flagge fan Nederlân SK Cambuur Ljouwert Earste difyzje 5 0
2001-2002 flagge fan Nederlân SK Cambuur Ljouwert Earste difyzje 19 2
Totaal 84 6

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]