Earste Difyzje (fuotbal)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Earste difyzje (fuotbal))
Earste Difyzje
Flag of the Netherlands.svg
Basis ynformaasje
Namme Earste Difyzje
Stifte 1956
Lân Nederlân
Tal klubs 20
Promoasje nei Earedifyzje
Degradaasje nei Twadde Difyzje (foar beloften-

alvetallen)

Titelhâlder FC Emmen
Webstee keukenkampioendivisie.nl

De Earste Difyzje is de op ien nei heechste fuotbalkompetysje fan Nederlân. Klups út dizze kompetysje kinne promovearje nei de Earedifyzje en sûnt koart ek degradearje nei de Topklasse. Yn dizze betelle kompetysje spylje 18 fuotbalklups út hiel Nederlân en wurdt organisearre troch de KNFB, de Keninklike Nederlânske Fuotbal Bûn. De kompetysje hjit offisjeel de Keuken Kampioen Difyzje nei de namme fan haadsponsor Keuken Kampioen.

Oprjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Earste Difyzje waard tagelyk mei de Earedifyzje en de Twadde Difyzje oprjochte. Doe't it betelle fuotbal yn Nederlân nei it ynfieren fan 1954 in nije foarm hawwe moast. Oarspronklik bestie de Earste Difyzje út twa ôfdielings mei 16 alvetallen. Mar dat feroare yn 1962 doe't de twa ôfdielings tegearre dien waarden en der ien ôfdieling oerbleau mei 18 alvetallen. Fan it seizoen 03/04 ôf hat de kompetysje 19 teams, omdat AGOVV Apeldoorn der by kaam. En letter kaam ek de tweintichste, Almere City FC, derby. Mar mei in reorganisaasje waard it oantal werom brocht nei 18 troch de degradaasje fan TOP Oss en it fallissemint fan HFC Haarlem.

Promoasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De winner fan de Earste Difyzje promovearret fuort nei de Earedifyzje, fierder nimme acht oare teams út de Earste Difyzje, de perioadekampioen en de heechste klups op de ranglist, diel oan de neikompetysje, op dizze wize moatte sy besykje te promovearjen. Ek de nûmers 16 en 17 fan de Earedifyzje dogge mei. Sy moatte harsels besykje te hânhâlden. De neikompetysje bestiet út trije omgongen, yn de earste omgong spilje mar 4 klups. Dat binne de 4 leechste klups fan de Earste Difyzje. Yn de twadde omgong komme de oare klups derby. De winners dêrfan geane troch nei de tredde omgong dêr't fêststeld wurdt wa't promovearje en degradearje sille.

Dielnimmers yn it seizoen 2014-2015[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Stêd Stadion
Achilles '29 Groesbeek Sportpark De Heikant
Almere City FK Almere Mitsubishu Forklift-stadion
De Greefskip Doetinchem De Fiverberch
FK De Bosk De Bosk De Fliert
FK Eindhoven Eindhoven Jan Louwers-stadion
FK Emmen Emmen Univé-stadion
FK Oss Oss Frans Heesen-stadion
FK Folendam Folendam Kras-stadion
Fortuna Sittard Sittard Trendwork-arena
Helmond Sport Helmond Lavans-stadion
Jong Ajax Amsterdam Sportpark De Takomst
Jong FK Twinte Ynskedee Grolsch-veste
Jong PSV Eindhoven Philips-stadion
MVV Maastricht Maastricht De Geusselt
NEC Nymwegen De Goffert
RKC Waalwyk Waalwyk Mandemakers-stadion
Roda JC Kerkrade Parkstêd Limboarch-stadion
Sparta Rotterdam Rotterdam It Kastiel
SC Telstar Felsen TATA Steel-stadion
VVV Fenlo Fenlo De Koel