SC Cambuur Ljouwert
Sportclub Cambuur Leeuwarden | ||||||||||||||||||||||||||||
![]() | ||||||||||||||||||||||||||||
It Cambuur Stadion | ||||||||||||||||||||||||||||
Oprjochte | 19 juny 1964 | |||||||||||||||||||||||||||
Plak | Ljouwert | |||||||||||||||||||||||||||
Stadion | Cambuur Stadion | |||||||||||||||||||||||||||
Kapasiteit | 10.000 | |||||||||||||||||||||||||||
Foarsitter | fakant | |||||||||||||||||||||||||||
Trener | Henk de Jong | |||||||||||||||||||||||||||
Kompetysje | Earste difyzje | |||||||||||||||||||||||||||
|
SC Cambuur Leeuwarden is in profesjonele fuotbalklup út Ljouwert. De klup waard oprjochte op 19 juny 1964 as de ferfanger fan VV Leeuwarden dy’t nei de amateurs werom kearde. De klup spilet yn it Cambuur stadion dêr't goed 10.000 minsken yn kinne. Cambuur is trije kear nei de Earedifyzje promovearre en spile yn totaal fjouwer jier op it heechste nivo. Nei it kampioenskip fan de Jupiler League yn 2013 kaam Cambuur op 'e nij even út yn de Earedifyzje. Nei twa jier degradearre de klup lykwols wer.
Oprjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sietse Westra wie de inisjatyfnimmer fan de oprjochting fan SC Cambuur, sa't de klup doedestiids noch hjitte. Westra wie fiif jier, tusken 1964 en 1969, direkteur fan de klup. De namme fan Cambuur waard yn 1988 feroare fan SC Cambuur yn Cambuur Ljouwert.
Sportive skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Cambuur koe it earste jier yn it proffuotbal fuort promovearje nei de Earste Difyzje. Dêr soe Cambuur mear as 25 jier yn fuotbalje. De Ljouwerters hawwe oant 2008 fjouwer jier, yn twa perioaden, yn de Earedifyzje spile. De earste kear wie doe't Cambuur as earste yn de Earste Difyzje einige. Dêrnei spile Cambuur yn it seizoen 1992/1993 en 1993/1994 op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân. De twadde kear dat Cambuur dêryn spylje soe, wie yn it seizoen 1998/1999 en 1999/2000. It slagge Cambuur yn 1998 te promovearjen troch de neikompetysje te winnen en sa promoasje ôf te twingen.
Yn 2000 degradearre Cambuur en moast it werom yn de Earste Difyzje. SC Cambuur hat dêrnei wer 13 jier yn de Earste Difyzje spile. Fia direkte promoasje yn it seizoen 2012/2013, troch it beheljen fan it kampioenskip spilet Cambuur sûnt it seizoen 2013/2014 op 'e nij op it heechste nivo.
It aventoer yn de Earedifyzje duorre krekt as de oare kearen twa seizoenen, diskear ûnder lieding fan trainer Henk de Jong. Yn 2016 degradearren de Ljouwerters wer en sûnt dy tiid spilet Cambuur wer yn de Earste Difyzje. De Jong naam yn it degradaasjejier ôfskied fan de klup, mar kaam yn 2019 werom, mei Sandor van der Heide as syn assistint.
Namme, skaaimerk en klaaiïng[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Cambuur is neamd nei de wyk dêr't de klup syn stadion hat, de Cambuursterhoek, ek wol it Cambuurkertier. De namme fan de wyk komt fan de aadlike famylje Fan Cammingha, waans stins op hast itselde plak stie fan it Cambuur stadion fan no.
Skaaimerk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It skaaimerk fan SC Cambuur Ljouwert is eins in nijmoadrige ferzje fan it famyljeskyld fan de Van Cammingha's, dat sa in ferwizing is nei de skiednis fan sawol de namme as de lokaasje.
It wapen hat in giel wapenskyld mei in lizzend hart, dy't de foarpoaten útstrekt. Tegearre mei trije swarte kamen mei allegearre twa rigen swarte tosken: Twa kamen fan boppen en ien kaam ûnder.
Klaaiïng[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De klaaiïng fan Cambuur bestiet foar de thúswedstriden út in giel shirt, in blauwe broek en giele sokken. Der wurdt ek wol mei wite sokken spile, as de tsjinstanner ek al mei giele sokken fuotballet. It tenu foar de útwedstriden bestiet út in wyt shirt, blauwe broek en wite sokken.
De kar foar de kleuren komt fan de stedskleuren fan Ljouwert, giel en blau. De Ljouwerter flagge bestiet út fjouwer horizontale banen, blau: giel, blau en giel.
Earelist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Earste difyzje
- Winner - 2013.
- Neikompetysje
- Winner - 1998.
- Earste difyzje
- Winner - 1992.
- Twadde difyzje
- Winner - 1957 (as Ljouwert), 1965.
(Ferneamde) âld-spilers en âld-trainers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Seizoen 2018/19[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
A-seleksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nr. | Namme | Nat. | Foarige klup | Kontrakt oant | |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Keepers | |||||||||||
1 | Sonny Stevens | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 (opsje + 1 jier) | |||||||
12 | Pieter Bos | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 | |||||||
Ferdigeners | |||||||||||
2 | Jordy van Deelen | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 | |||||||
3 | Calvin Mac-Intosche | ![]() |
![]() |
30 juny 2021 (opsje + 1 jier) | |||||||
4 | Erik Schouten | ![]() |
![]() |
30 juny 2021 | |||||||
5 | Doke Schmidt | ![]() |
![]() |
30 juny 2021 | |||||||
15 | Kellian van der Kaap | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 (opsje + 1 jier) | |||||||
16 | Alex Bangura | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 (opsje + 1 jier) | |||||||
19 | Sven Nieuwpoort | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 (opsje + 1 jier) | |||||||
24 | David Sambissa | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 | |||||||
Middenfjilders | |||||||||||
6 | Mees Hoedemakers | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 (hier + opsje op keapjen) | |||||||
8 | Jamie Jacobs | ![]() |
![]() |
30 juny 2021 (opsje + 1 jier) | |||||||
17 | Daniel Bouman | ![]() |
![]() |
amateurkontrakt | |||||||
18 | Stanley Akoy | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 (opsje + 1 jier) | |||||||
20 | Robin Maulun | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 | |||||||
Oanfallers | |||||||||||
7 | Issa Kallon | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 | |||||||
10 | Mitchel Paulissen | ![]() |
![]() |
30 juny 2021 | |||||||
11 | Giovanni Korte | ![]() |
![]() |
30 juny 2021 | |||||||
17 | Tyrone Conraad | ![]() |
![]() |
30 juny 2019 | |||||||
21 | Robert Mühren | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 (hier) | |||||||
22 | Delano Ladan | ![]() |
![]() |
30 juny 2021 | |||||||
26 | Ragnar Oratmangoen | ![]() |
![]() |
30 juny 2021 (opsje + 1 jier) | |||||||
27 | Jarchinio Antonia | ![]() |
![]() |
30 juny 2020 (opsje + 1 jier) |