Johan Abma (fuotballer)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Johan Abma
Basisynfo spiler
Namme Johan Abma
Bynamme 'Mister Cambuur'
Bertedatum 5 maaie 1969
Berteplak Snits
Basisynfo klup
Posysje Ferdigening
Profesjonele feriening(s)
1988-2003 SK Cambuur Ljouwert w (g)
452 (19)

Johan Abma (Snits, 5 maaie 1969) is in eardere proffuotballer út Fryslân, dy't de earenamme "Mister Cambuur" draacht omdat it kluprekord hat wat it tal wedstriden oangiet.

Johan Abma begûn mei fuotbaljen by Hubert Snits yn Snits en kaam letter by de jeugd fan Cambuur terjochte, dêr't hy yn it seizoen 1988/1989 debutearre yn it earste. Hy spile yn de ferdigening en soe syn hiele proffuotbalkarriêre trochbringe by Cambuur. Syn bêste jier wie it kampioensjier by Cambuur. Yn it seizoen 1991/1992 waard hy mei Cambuur kampioen fan de Earste Difyzje en promovearre nei de Earedifyzje. It aventoer yn de heechste klasse duorre twa jier en mei Cambuur kearde Abma werom nei de Earste Difyzje. Fjouwer jier letter kamen sy fia de neikompetysje wer op it heechste nivo te spyljen yn de seizoenen 1998/1999 en 1999/2000, dêr't degradaasje nei folge.

Nei safolle jierren by Cambuur wie de ein fan syn lêste seizoen 2002/2003 foar him tige sneu doe't er te hearen krige dat Cambuur net langer ferlet hie fan syn tsjinsten. Nettsjinsteande eardere tasizzings koe hy nei fyftjin trouwe tsjinstjierren net rekkenje op in nije oanbieding.

Mister Cambuur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abma sil de rest fan syn libben nei alle gedachten wol Mister Cambuur bliuwe. It totaal oantal fuotbalwedstriden dat er yn de haadmacht spile bedraacht 452 kear, dat in kluprekord ynhâldt.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje
1988/89 SK Cambuur 14 0 flagge fan Nederlân Earste difyzje
1989/90 SK Cambuur 36 2 flagge fan Nederlân Earste difyzje
1990/91 SK Cambuur Ljouwert 37 1 flagge fan Nederlân Earste difyzje
1991/92 SK Cambuur Ljouwert 35 4 flagge fan Nederlân Earedifyzje
1992/93 SK Cambuur Ljouwert 32 1 flagge fan Nederlân Earedifyzje
1993/94 SK Cambuur Ljouwert 28 0 flagge fan Nederlân Earste difyzje
1994/95 SK Cambuur Ljouwert 28 0 flagge fan Nederlân Earste difyzje
1995/96 SK Cambuur Ljouwert 28 1 flagge fan Nederlân Earste difyzje
1996/97 SK Cambuur Ljouwert 33 0 flagge fan Nederlân Earste difyzje
1997/98 SK Cambuur Ljouwert 34 3 flagge fan Nederlân Earste difyzje
1998/99 SK Cambuur Ljouwert 32 2 flagge fan Nederlân Earedifyzje
1999/00 SK Cambuur Ljouwert 23 1 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2000/01 SK Cambuur Ljouwert 33 2 flagge fan Nederlân Earste difyzje
2001/02 SK Cambuur Ljouwert 30 2 flagge fan Nederlân Earste difyzje
2002/03 SK Cambuur Ljouwert 24 0 flagge fan Nederlân Earste difyzje
Totaal 452 19

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: