Springe nei ynhâld

Mark de Vries

Ut Wikipedy

Mark de Vries, yn Ljouwert op it stuit Mark de Leewadder neamd, (Paramaribo, 24 augustus 1975) wie in Nederlânske proffuotballer fan Surinaamske komôf dy't ûnder oaren by SC Cambuur-Ljouwert spile hat.

De Vries begûn syn wurkpaad yn Folendam, by it pleatslike FC Volendam, dat destiids yn de Earedifyzje útkaam. Foardat it seizoen 1998/99 útein sette makke hy de oerstap nei de Frânske klup Chamois Niortais.

Nei in matich seizoen yn Frankryk kearde hy werom nei Nederlân om spylje te gean by Dordrecht'90. Yn syn twadde seizoen kaam dêr syn echte trochbraak en makke hy in soad doelpunten. Dat smite him in trânsfer op nei de Scottish Premier League dêr't hy te spiljen kaam by Heart of Midlothian FC. Ek by de "Hearts" gong it doelpunten meitsje him goed ôf. Yn it seizoen 2004/05 spile hy mei Hearts yn de UEFA Cup. In de groepsfase waarden sy koppele oan ûnder mear Feyenoord. De Vries woe hiel bot syn bêst dwaan yn de wedstryd tsjin de Nederlânske klup, mar rekke blessearre en koe net meidwaan yn de ûnderlinge moeting.

Nei syn refalidaasje tekene hy in kontrakt by Leicester City yn de Football League Championship, dêr't hy werenige waard mei syn eardere trêner Craig Levein. Yn jannewaris 2006 kearde hy werom nei Nederlân om by Sportklub It Hearrenfean te gean spyljen as ferfanger foar de fuortgongen Klaas-Jan Huntelaar en Georgios Samaras.

It Hearrenfean seach yn him lykwols net mear as in pinchitter. De Vries dy't mear spilje woe, beslute in nije útdaging te sykjen en gong ynearsten werom nei Leicester City mar omdat syn posysje dêr ek net dúdlik wie, waard hy ferhierd oan ADO Den Haag. Mei ADO degradeare hy en kearde werom by Leicester. Yn oktober 2007 wurdt hy foar in pear moanne ferhierd oan Leeds United. De rest fan it seizoen fuotballe hy foar it Skotske Dundee United.

Mark de Leewadder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it seizoen 2008/2009 bea De Vries syn tsjinsten oan by Cambuur. Nei in proefperioade tekene hy yn augustus 2008 foar 2 seizoenen in kontrakt by de Ljouwerter klup. Yn syn earste seizoen ûntpoppe hy him ta in suksesfol pinchitter en skoarde hy in oantal wichtige doelpunten. Yn seizoen 2009/2010 is er goed begûn en hat er in basisplek ferovere. Hy makket is soad doelpunten en dêrtroch de favoryt by it Ljouwerter publyk. Koezjend wurdt er dêrom ek "Mark de Leewadder" neamd.

seizoen club lân kompetysje wed. goals
1994/95FC Volendamflagge fan Nederlân Earedifyzje20
1995/96FC Volendamflagge fan Nederlân Earedifyzje20
1996/97FC Volendamflagge fan Nederlân Earedifyzje100
1997/98FC Volendamflagge fan Nederlân Earedifyzje141
1998/99Chamois Niortaisflagge fan Frankryk Ligue 2242
1999/00Dordrecht'90 flagge fan NederlânEarste difyzje80
2000/01Dordrecht'90 flagge fan NederlânEarste difyzje3011
2001/02Dordrecht'90 flagge fan NederlânEarste difyzje3316
2002/03Heart of MidlothianFlagge fan Skotlân, yn Grut-Brittanje Scottish Premier League3215
2003/04Heart of MidlothianFlagge fan Skotlân, yn Grut-Brittanje Scottish Premier League3113
2004/05Heart of MidlothianFlagge fan Skotlân, yn Grut-Brittanje Scottish Premier League91
2004/05Leicester Cityflagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Football League Championship16 1
2005/06Leicester Cityflagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Football League Championship29 6
2005/06sc Heerenveenflagge fan Nederlân Earedifyzje73
2006/07Leicester Cityflagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Football League Championship00
2006/07ADO Den Haagflagge fan Nederlân Earedifyzje272
2007/08Leicester Cityflagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Football League Championship61
2007/08Leeds Unitedflagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Football League One61
2007/08Dundee UnitedFlagge fan Skotlân, yn Grut-Brittanje Scottish Premier League132
2008/09SC Cambuur-Leeuwardenflagge fan Nederlân Earste difyzje244
2009/10SC Cambuur-Leeuwardenflagge fan Nederlân Earste difyzje1210
Totaal 33589

Bywurke oant 24 oktober 2009

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]