SC Cambuur Ljouwert

Ut Wikipedy
Sportclub Cambuur Leeuwarden
It Cambuur Stadion
It Cambuur Stadion
Oprjochte 19 juny 1964
Plak Ljouwert
Stadion Cambuur Stadion
Kapasiteit 10.000
Foarsitter fakant
Trener Henk de Jong
Kompetysje Earedifyzje
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

SC Cambuur Leeuwarden is in profesjonele fuotbalklup út Ljouwert. De klup waard oprjochte op 19 juny 1964 as de ferfanger fan VV Leeuwarden dy’t nei de amateurs werom kearde. De klup spilet yn it Cambuur stadion dêr't goed 10.000 minsken yn kinne. Cambuur is trije kear nei de Earedifyzje promovearre en spile yn totaal fjouwer jier op it heechste nivo. Nei it kampioenskip fan de Jupiler League yn 2013 kaam Cambuur op 'e nij even út yn de Earedifyzje. Nei twa jier degradearre de klup lykwols wer. Yn 2022 spilet de klup fannijs yn de Earedifyzje.

Oprjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sietse Westra wie de inisjatyfnimmer fan de oprjochting fan SC Cambuur, sa't de klup doedestiids noch hjitte. Westra wie fiif jier, tusken 1964 en 1969, direkteur fan de klup. De namme fan Cambuur waard yn 1988 feroare fan SC Cambuur yn Cambuur Ljouwert.

Sportive skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cambuur koe it earste jier yn it proffuotbal fuort promovearje nei de Earste Difyzje. Dêr soe Cambuur mear as 25 jier yn fuotbalje. De Ljouwerters hawwe oant 2008 fjouwer jier, yn twa perioaden, yn de Earedifyzje spile. De earste kear wie doe't Cambuur as earste yn de Earste Difyzje einige. Dêrnei spile Cambuur yn it seizoen 1992/1993 en 1993/1994 op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân. De twadde kear dat Cambuur dêryn spylje soe, wie yn it seizoen 1998/1999 en 1999/2000. It slagge Cambuur yn 1998 te promovearjen troch de neikompetysje te winnen en sa promoasje ôf te twingen.

Yn 2000 degradearre Cambuur en moast it werom yn de Earste Difyzje. SC Cambuur hat dêrnei wer 13 jier yn de Earste Difyzje spile. Fia direkte promoasje yn it seizoen 2012/2013, troch it beheljen fan it kampioenskip spilet Cambuur sûnt it seizoen 2013/2014 op 'e nij op it heechste nivo.

It aventoer yn de Earedifyzje duorre krekt as de oare kearen twa seizoenen, diskear ûnder lieding fan trainer Henk de Jong. Yn 2016 degradearren de Ljouwerters wer en sûnt dy tiid spilet Cambuur wer yn de Earste Difyzje. De Jong naam yn it degradaasjejier ôfskied fan de klup, mar kaam yn 2019 werom, mei Sandor van der Heide as syn assistint.

Yn it seizoen 2019/20 kaam Cambuur út op it earste plak, dochs waard dat seizoen troch de KNVB net jildich ferklearre omreden de koroanakrisis. It folgjende seizoen fan 2020/21 waard de kampioenstitel fannijs helle mei 15 punten foarsprong op de twadde ploech.

Namme, skaaimerk en klaaiïng[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cambuur is neamd nei de wyk dêr't de klup syn stadion hat, de Cambuursterhoek, ek wol it Cambuurkertier. De namme fan de wyk komt fan de aadlike famylje Fan Cammingha, waans stins op hast itselde plak stie fan it Cambuur stadion fan no.

Skaaimerk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skaaimerk fan SC Cambuur Ljouwert is eins in nijmoadrige ferzje fan it famyljeskyld fan de Van Cammingha's, dat sa in ferwizing is nei de skiednis fan sawol de namme as de lokaasje.

It wapen hat in giel wapenskyld mei in lizzend hart, dy't de foarpoaten útstrekt. Tegearre mei trije swarte kamen mei allegearre twa rigen swarte tosken: Twa kamen fan boppen en ien kaam ûnder.

Klaaiïng[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De klaaiïng fan Cambuur bestiet foar de thúswedstriden út in giel shirt, in blauwe broek en giele sokken. Der wurdt ek wol mei wite sokken spile, as de tsjinstanner ek al mei giele sokken fuotballet. It tenu foar de útwedstriden bestiet út in wyt shirt, blauwe broek en wite sokken.

De kar foar de kleuren komt fan de stedskleuren fan Ljouwert, giel en blau. De Ljouwerter flagge bestiet út fjouwer horizontale banen, blau: giel, blau en giel.

Earelist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste difyzje
Winner - 2013.
Neikompetysje
Winner - 1998.
Earste difyzje
Winner - 1992.
Twadde difyzje
Winner - 1957 (as Ljouwert), 1965.

(Ferneamde) âld-spilers en âld-trainers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seizoen 2022/23[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A-seleksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nr. Namme Nat. Foarige klup Kontrakt oant
Keepers
1 João Virgínia flagge fan Portegal Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje Everton FC hier
12 Robbin Ruiter flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân Willem II 2023
31 Brett Minnema flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân Jong Cambuur 2023
Ferdigeners
3 Calvin Mac-Intosche flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân Fortuna Sittard 2023
4 Léon Bergsma flagge fan Nederlân flagge fan Switserlân   FC Aarau 2025
5 Doke Schmidt flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân SC It Hearrenfean 2023
15 Marco Tol flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân FC Volendam 2024
16 Alex Bangura flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân Feyenoord 2023
18 David Sambissa flagge fan Gabon flagge fan Nederlân FC Twinte 2023
22 Jhondly van der Meer flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân Jong Cambuur 2024
23 Maxim Gullit flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân AZ 2023
24 Sai van Wermeskerken flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân PEC Swol 2023
27 Sekou Sylla flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân TOP Oss 2023
33 Floris Smand flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân Jong Cambuur 2024
Middenfjilders
2 Jasper ter Heide flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân Jong Ajax 2023
6 Mees Hoedemakers flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân AZ 2023
8 Jamie Jacobs flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân AZ 2023
10 Mitchel Paulissen flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân Roda JC amateurkontrakt
14 Michael Breij flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân FC Grins 2024
20 Robin Maulun flagge fan Frankryk flagge fan Frankryk Trélissac FC 2023
20 Daniël van Kaam flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân FC Grins 2025
Oanfallers
7 Felix Mambimbi flagge fan Switserlân   flagge fan Switserlân   BSC Young Boys hier
9 Tom Boere flagge fan Nederlân flagge fan Dútslân SV Meppen 2023
11 Silvester van der Water flagge fan Nederlân flagge fan de Feriene Steaten Orlando City SC 2023
28 Roberts Uldriķis
(oanfierder)
flagge fan Letlân flagge fan Switserlân   FC Sion 2023
30 Remco Balk flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân FC Utert hier
39 Milan Smit flagge fan Nederlân flagge fan Nederlân Jong Cambuur 2024

Lêste update: 20 juny 2022

Stêf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Technyske stêf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Nasjonaliteit Funksje
Henk de Jong flagge fan Nederlân Haadcoach
Pascal Bosschaart flagge fan Nederlân Meitrainer
Peter van der Vlag flagge fan Nederlân Keepertrainer
Martijn Barto flagge fan Nederlân Spitsetrainer

Medyske stêf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Nasjonaliteit Funksje
Nicky Boonstra flagge fan Nederlân Fysyk-trainer
Harvey Bischop flagge fan Nederlân Fysioterapeut
Kevin Koster flagge fan Nederlân Fysioterapeut
Dirk Steensma flagge fan Nederlân Fersoarger
Antje Tardy flagge fan Nederlân Fersoarchster

Begeliedende stêf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Nasjonaliteit Funksje
Peter Drijver flagge fan Nederlân Teammanager
Foeke Komans flagge fan Nederlân Teammanager
Koen Draaisma flagge fan Nederlân Materiaalman

Lêste update: 20 juny 2022

Top 15 skoarders yn de skiednis fan SC Cambuur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Posysje Namme Doelpunten
1 flagge fan Nederlân Jan Bruin 73
2 flagge fan Nederlân Sandor van der Heide 66
3 flagge fan Nederlân Robert Mühren 64
4 flagge fan Nederlân Dirk Roelfsema 63
5 flagge fan Nederlân Jos Peltzer 61
flagge fan Nederlân Koko Hoekstra 61
7 flagge fan Nederlân Martijn Barto 55
8 flagge fan Nederlân Willem van der Ark 53
9 flagge fan Nederlân Gerrie de Jonge 52
10 flagge fan Suriname Mark de Vries 47
11 flagge fan Nederlân Johan Zuidema 44
12 flagge fan Nederlân Henk de Groot 40
13 flagge fan Nederlân Jaap de Blaauw 39
14 flagge fan Nederlân Erik Bakker 39
15 flagge fan Nederlân Harry van der Laan 36

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]