Rienk Onsman

Ut Wikipedy

Rienk Onsman (Ljouwert, 2 novimber 1943 - dêre, 10 maart 2011) wie in proffuotballer út de provinsje Fryslân dy't by Cambuur fuotballe hat.

Rienk Onsman foarme ein jierren 60-begjin jierren 70 tegearre mei Sietse Visser it hert fan de ferdigening by Cambuur. Hy wie sawat net te passearen. Hy wie in tige kundige ferdigener. Altyd hie er goed yn de gaten wat in oanfaller dwaan soe, en siet er dêrtroch boppe-op en kaam meastentiids as oerwinner út it duel. In tige beskieden man dy't sawat 200 wedstriden yn 10 seizoenen spile hat foar Cambuur. Hy skoarde yn totaal 5 kear foar Cambuur. Hy spile nei syn Cambuurtiid (1975) by LVV Friesland yn de haadklasse. .