Martenstsjerke (Skearnegoutum)
Martenstsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Skearnegoutum | |
adres | Achterbuorren | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1861 | |
arsjitekt | Meinse Molenaar | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39813 [1] | |
offisjele webside | ||
PKN-gemeente Skearnegoutum-Loaijingea |
De Martenstsjerke oan de Achterbuorren yn Skearnegoutum is it tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Skearnegoutum-Loaijingea.
PKN-gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De PKN gemeente Skearnegoutum-Loaiïngea bestiet offisjeel sûnt 1 jannewaris 2005. Fanôf 1 jannewaris 1990 oant dy datum foarmen de herfoarme gemeente en grifformearde tsjerke in federaasje. Al yn 1994 waard de grifformearde tsjerke oan de Legedyk ferkocht oan in stoffearder. Sûnt dy tiid is der noch ien protestantske tsjerke yn Skearnegoutum, de Martenstsjerke. It Martenshûske wurdt brûkt as tsjerklik sintrum.[2]
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 juny 1861 lei de soan fan de dûmny, Rinze Kijlstra, de earste stien foar de herfoarme tsjerke fan Skearnegoutum. De tsjerke ferfong de midsiuwske tsjerke út de 11e iuw. Troch it tichtsmiten fan it westlike diel fan de feart om de tsjerke fersakke de âlde tsjerke en wie dy brekfallich woarn. Om oan jild te kommen foar in nije pastory út 1864 waard in grut diel fan de fruchtbere grûn fan de terp ôfgroeven.[3]
De tsjerke waard yn 2006 nei in restauraasje op 'e nij yn gebrûk nommen. Yn 2019 folge de restauraasje fan de toer.[4]
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de restauraasje fan 2006 waarden de âlde banken ferwidere. De moderne banken foar de gemeente binne ôfkomstich út de yn 2005 sletten Rehobothtsjerke fan Sumar. Om de tsjerke geskikt te meitsjen foar multifunksjoneel gebrûk binne de foarste rigen banken ferfongen troch stuollen. It trijesidich sletten koer is wat ferhege. De preekstoel bleau op it âlde plak oan de meast eastlike muorre en wurdt oan wjerssiden flankearre troch de banken fan de tsjerkerie.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It twamanualige oargel mei in haadwurk en boppewurk waard yn 1862 troch Willem Hardorff út Ljouwert boud. De oargelmakker brûkte by de bou de wynlade en it piipwurk fan it oargel dat Pieter Jans Radersma út Wiuwert yn 1841 brûkte foar de bou fan it oargel yn de midsiuwske tsjerke.[5]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kerkplaza Nederland: PKN-gemeente Skearnegoutum-Loaijingea
- It Hardorff-oargel (Orgels in beeld) op Youtube
- Orgelsite: disposysje oargel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|