Springe nei ynhâld

Wynmotor Britswert

Ut Wikipedy
De eardere wynmotor fan Britswert yn 2010

De Wynmotor Britswert is in poldermole tichtby it doarp Britswert yn de gemeente Littenseradiel.

De mole wie in lytse Amerikaanske wynmotor fan it merk Record mei in wynrêd fan 18 blêden, dy't om 1925 hinne boud waard. Hy stie ûngefear in kilometer súdlik fan it doarp tichtby de Easterwierrumer Aldfeart.

Nei't de wynmotor al in skoft it wynrêd miste, waard it restant yn 2013 ôfbrutsen.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: