Springe nei ynhâld

Jochum Falkena

Ut Wikipedy
Jochum Falkena
politikus
Boargemaster J. J. G. S. Falkena
Boargemaster J. J. G. S. Falkena
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum11 juny 1881
berteplakWytmarsum
stjerdatum29 april 1963
stjerplakIt Hearrenfean
etnisiteitflagge fan Fryslân Frysk
partijVDB
boargemaster fan Eaststellingwerf
amtsperioade19191928
foargongerGauke Kootstra
opfolgerEinte van Douwen
boargemaster fan Skoatterlân
amtsperioade1928 - 1934
foargongerHebbe Hebbes
opfolgergjint, gemeente waard opheft
boargemaster fan It Hearrenfean
amtsperioade1934 - 1937
foargongergjint, gemeente waard oprjochte
opfolgerGerrit Kuperus

Jochum Jacobus Gerardus Sijbrandus Falkena (Wytmarsum, 11 juny 1881 - It Hearrenfean, 29 april 1963) wie sekretaris fan Smellingerlân en boargemaster fan Eaststellingwerf en Skoatterlân.

Falkena begûn as gemeentesekretaris fan Smellingerlân en wie dêrnei, yn 1918, tsien jier boargemaster fan Eaststellingwerf. Op 30 maart 1928 waard er beneamd as boargemaster fan Skoatterlân. Doe't op 1 july 1934 de gemeente It Hearrenfean foarme waard út de gemeenten Skoatterlân, Aenjewier en in stik fan Haskerlân, waard er ta boargemaster fan de nije gemeente beneamd.

Omdat er 65 jier waard krige er op 16 july 1946 earfol ûntslach. By brekme oan in opfolger wied er noch in pear moanne waarnimmend boargemaster. Op 16 novimber 1946 waard er opfolge troch de hear G.H. Kuperus. It boargemasterskip wie foar Falkena net alhiel sûnder ûnderbrekking. De folmachtige fan de rykskommissaris ûntsloech him op 2 desimber 1944 omdat: da er nach abbruch seines Urlaubs seinen Dienst nicht wieder ausgetreten hat. De militêre kommisje joech him opdracht mei syn funksje op te hâlden yngeande 15 april 1945 (Befrijingsdei). De Minister fan Binnenlânske Saken luts dat befel yngeande 22 oktober 1945 yn, neidat bliken dien hie, dat der gjin redenen wienen om maatregels tsjin him te nimmen. Dat blykte ek wol út syn werbeneaming yngeande 25 april 1946.

De hear Falkena hie in soad byfunksjes. De wichtichste dêrfan wie seker dy fan ryksynspekteur foar de wurkferskaffing, dat er lang dien hat. Under syn lieding binne yn de gemeente in soad ferbetterings komd. Sa hie hy in grut oandiel yn it ta stân kommen fan de wet "Heerenveen-Eén" -wêrtroch de trijeliddichheid fan it plak It Hearrenfean opheft waard. Hy wie offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau. Op It Hearrenfean is de Boargemaster Falkenawei nei him neamd.