Springe nei ynhâld

Gauke Kootstra

Ut Wikipedy
Gauke Kootstra
politikus
Gauke Kootstra
Gauke Kootstra
echte nammeGauke Kootstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berteplakDe Koaten
stjerplakGrins
etnisiteit Frysk
Boargemaster fan Eaststellingwerf
amtsperioade1913 - 1918
foargongerYeb Feikema
opfolgerJochum Falkena
Boargemaster fan Emmen
amtsperioade1918 - 1927
foargongerChristoffer van der Wal
opfolgerJan Liebbe Bouma
Boargemaster fan Gorkum
amtsperioade1927 - 1939

Gauke Kootstra (De Koaten, 9 july 1874Grins, 27 novimber 1942[1]) wie in Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf.

Kootstra wie in soan fan in pelmûnder yn De Koaten. Hy krige in oplieding op it gemeentehûs yn Bûtenpost en waard amtner oan de sekretary yn Dantumadiel; yn 1904 waard er gemeentesekretaris fan Eaststellingwerf. Fan 1913 ôf wie er ûnôfhinklik frijsinnich boargemaster fan, efterelkoar yn Eaststellingwerf (1913-1917), Emmen (1917-1927) en Gorkum. Yn Emmen kaam er telâne yn in rûzige perioade; de gemeente wie hast fallyt en der wie slimme earmoed ûnder de befolking [2]. Hy wie dêr belutsen by de emigraasje fan hûnderten gesinnen, dy't op syn minst út fiif persoanen bestienen, nei Twinte (benammen nei de Drentse buurt yn de Ynskedeeske wyk Pathmos) dy't dêr kâns op in better bestean yn de tekstylyndustry hawwe moatte soene.

Yn 1936 waard Kootstra beneamd ta offisier oarder fan Oranje Nassau.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dea-akte gemeente Grins
  2. "Een bijna failliete gemeente"- Het Volk, 14 augustus 1920
  3. "Koninklijke onderscheidingen" - Leeuwarder Nieuwsblad, 21 oktober 1936

Bulte, M. (2008). Emmenaren op drift, Uitgeverij Kok, Utrecht.