Gorkum

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Gorinchem)
Jump to navigation Jump to search
Lizzing fan de gemeente yn Súd-Hollân

Gorkum (Nederlânsk: Gorinchem; pleatslik: Gorcum) is in stêd en gemeente yn Súd-Hollân, mei 35.202 ynwenners (31 maart 2015, boarne: CBS) en in oerflak fan 22,01 km², dêr't 3,23 km² wetter fan is. Dalem heart ek by de gemeente Gorkum.

Gorkum leit oan de rivieren de Linge en de Boppe Merwede, mei oan de oarekant Sleeuwijk en Woudrichem. De gemeente hat in spoarstasjon oan de westlike Betuweline (Dordrecht-Geldermalsen). Benoarden Gorkum rint rykswei A15, dy't soarte fan bondele is mei de Betuwerûte. Bewesten de stêd rint rykswei A27 mei de 'flessehals' de Merwedebrêge.

De stêd leit foar in part yn de Alblasserwaard en foar in part yn de Tielerwaard. De grins leit sa'n bytsje op de Lingsedyk. It easten fan Gorkum leit yn de Tielerwaard en wie earder provinsje Gelderlân, mar no is dat by Súd-Hollân. It doarp Dalem leit ek yn de Tielerwaard.

Otto fan Arkel (om 1330-1396) joech Gorkum op 11 novimber 1382 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.

Bysûndere plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pear plakken yn de stêd mei in bysûndere skiednis binne:

  • De Grutte Tsjerke
  • It Tolhûs
 
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdaam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendert - Bodegreve-Riuwyk - Brylle - De Haach (haadstêd) - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarskoat - Gorkum - Goeree-Oerflakkee - Gouda - Hardinksfjild-Gyssendaam - Hellefuotslûs - Hillegom - Hindrik-Ido-Ambacht - Hoekske Waard - Kaach en Braassem - Kapelle oan de Isel - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leien - Leierdoarp - Leiskendaam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nijkeap - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeast - Papendert - Pynikker-Noatdoarp - Riddertsjerk - Ryswyk - Rotterdam - Skiedam - Sliedert - Soetermar - Soeterwâlde - Súdplasse - Swyndert - Teylingen - Waddinksfean - Wassenaar - Westfoarne - Westlân