Springe nei ynhâld

Pankoekstermole

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pankoekstermûne)
Pankoekstermole
mûne / mole
lokaasje
provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
plak Wytmarsum
adres Ripenderleane 6
koördinaten 53° 6' NB, 5° 30' EL
bysûnderheden
type mûne Muonts
funksje Poldermole
flecht 19,80 m m
boujier 1900
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39438 [1]
Kaart
Pankoekstermole (Fryslân)
Pankoekstermole

De Pankoekstermole is in mealreeë poldermole en ryksmonumint tusken Wytmarsum en Burchwert yn 'e gemeente Súdwest Fryslân. De mole stiet ûngefear 2,5 km ten easten fan Wytmarsum, tichtby de Harnzerfeart.

De Pankoekstermole is in grutte muonts, dy't yn 1900 boud waard, om tegearre mei de yn 1955 sloopte mole 'De Foarútgong' de ûngefear 700 ha grutte Easthimmerpolder te bemeallen. De Pankoekstermole ferfong in út 1817 datearjende mole, dy't in jier earder ôfbaarnd wie. Sawol de Pankoekstermole as de Foarútgong hiene selsswichting.

Yn 1967 krige de Pankoekstermole in diselmotor. Neidat de mole yn 1976 troch de bou fan in gemaal tusken Boalsert en Skettens syn funksje ferlear, waard de diselmotor ferwidere. By in yn datselde jier foltôge restauraasje fan de mole krigen de wjukken âldhollânsk hekwurk. By de restauraasje fan 2014 waard it âldhollânsk hekwurk wer ferfongen troch selsswichting.

De mûne is sûnt 1977 eigendom fan de Stifting De Fryske Mole en op ôfspraak te besichtigjen. It Wetterskip Fryslân wiisde de mole yn 2006 oan as reservegemaal by wetteroerlêst.

De Pankoekstermole is houten achtkante mole op stiennen fjildmuorren. It achtkant fan 'e mole is reiddutsen. De wjukken fan 'e mole hawwe selsswichting en de flecht is krapoan 20 m.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: