Pankoekstermole
Pankoekstermole | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Rijpenderlaan 6 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Poldermûne | |
boujier | 1900 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 39438 [1] |
De Pankoekstermole is in mealreeë poldermole en ryksmonumint tusken Wytmarsum en Burchwert yn de gemeente Súdwest Fryslân.
De mole stiet ûngefear 2,5 km ten easten fan Wytmarsum, tichtby de Harnzerfeart. It is in houten achtkante mole, dekt mei reid, mei stiennen fjildmuorren. Hy waard yn 1900 boud om (tegearre mei de yn 1955 sloopte mole De Foarútgong) de ûngefear 700 ha grutte Easthimmerpolder te bemeallen. De Pankoekstermole ferfong in út 1817 datearjende mole dy't it jier derfoar ôfbaarnd wie. De nije mole krige in selsswichting.
Yn 1967 krige de Pankoekstermole in diselmotor. Neidat de mole yn 1976 troch de bou fan in gemaal tusken Boalsert en Skettens syn funksje ferlern hie, waard dizze wer weihelle. By in yn datselde jier foltôge restauraasje fan de mole krige dy in âldhollânsk wjuksysteem.
Sûnt 1977 is de Pankoekstermole eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. Hy is op ôfspraak te besichtigjen.
Troch it Wetterskip Fryslân is de mole yn 2006 oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|