Jacob Reitsma
Jacob Reitsma | ||
politikus | ||
J. Reitsma (1986) | ||
nasjonaliteit | Nederlân | |
bertedatum | 5 augustus 1945 | |
berteplak | Wytmarsum | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | ARP (1969-1980) CDA (1980-no) | |
Gemeenteriedslid fan Noardeastpolder | ||
amtsperioade | 1978 - 1986 | |
Wethâlder fan Noardeastpolder | ||
amtsperioade | april - july 1986 | |
Lid fan de Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1986 - 2001 | |
Boargemaster fan Wymbritseradiel | ||
amtsperioade | 2001 - 2011 | |
foargonger | Marten Koopmans | |
opfolger | funksje ferfallen |
Jacob Reitsma (Wytmarsum, 5 augustus 1945) is in Frysk politikus.
Reitsma is ôfkomstich út de organisaasje fan de Kristlike plattelânsjongerein en Kristlike boeren en túnkers. Yn de perioade 1986 - 2001 wie Reitsma lid fan de Twadde Keamer foar it CDA. Reitsma wie op in protte mêden in warber CDA-Twadde Keamerlid. Hy hâlde him ûnder mear dwaande mei finânsjes, ferkear en wettersteat, lânbou en beropsûnderwiis.
Doe't er Twadde Keamerlid wie, tsjinne er yn 1995, mei syn fraksjegenoat Pieter Jan Biesheuvel in inysjatyfsfoarstel yn ta it ynfieren fan wenkoste-ôftrek. Dat foarstel waard troch de Twadde Keamer fersmiten. Yn 1999 fierde er út namme fan syn fraksje it wurd by it debat mei it kabinet oer it rapport fan de enkêtekommisje Bijlmerramp.
Hy wie fan 17 april oant 27 juny 1996 ûnderfoarsitter fan de tydlike kommisje Undersyk Kolleezje fan tafersjoch sosjale fersekeringen. Fan 22 septimber 1998 oant 12 juny 2001 wie er foarsitter fan de fêste kommisje foar Folkshúsfêsting, Romtlike Oardering en Miljeubehear.
Op lokaal gebiet wie hy polityk aktyf yn de gemeente Noardeastpolder (ûnder mear as wethâlder). Sûnt 1 juny 2001 wied er boargemaster fan de Fryske gemeente Wymbritseradiel.
Op 1 jannewaris 2011 gie Wymbritseradiel op yn de nije gemeente Súdwest Fryslân, dêrtroch ferfoel syn funksje as boargemaster.
Hy is in grut leafhawwer fan it reedriden. Fan 2001 oant 2006 wie er foarsitter fan it reedridersbûn KNSB. Syn jongste dochter, Mireille Reitsma, is in Nederlânsk langebaanrydster en maratonrydster.