Marten Koopmans
Marten Koopmans | ||
politikus | ||
echte namme | Marten Folkert Koopmans | |
nasjonaliteit | Nederlân | |
bertedatum | 11 augustus 1939 | |
berteplak | De Lemmer | |
stjerdatum | 7 oktober 2024 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | CDA | |
Wethâlder fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 1990 - 1993 | |
Boargemaster fan Wymbritseradiel | ||
amtsperioade | 1993 - 2001 | |
foargonger | Bendiks Cazemier | |
opfolger | Jacob Reitsma | |
Boargemaster fan Boalsert | ||
amtsperioade | 2001 - 2003 | |
foargonger | Allard Schuilinga | |
opfolger | Willemien Vroegindeweij |
Marten Folkert Koopmans (De Lemmer, 11 augustus 1939 – Ljouwert, 7 oktober 2024) wie in Frysk politikus fan it CDA.
Nei de mulo sette er yn 'e âldens fan 17 jier útein mei syn karrêre as folontêr op it gemeentehûs yn syn berteplak. Nei it ferfoljen fan syn tsjinstplicht kearde er dêr noch foar in koart skoftke werom. Dêrnei wurke er by de gemeente Gaasterlân en om 1965 hinne stapte er oer nei de gemeente Ljouwert. Yn Ljouwert wie Koopmans haad fan de ôfdieling sosjale saken en wolwêzensoangelegenheden doe't er ein 1978 de direkteur fan de Bestjoerskoalle Fryslân (yn 1975 omneamd ta de L. Rasterhoffschool) waard en nei de fúzje yn 1990 wie er noch foar in koart skoftke direkteur fan de Bestjoersskoalle Noard-Nederlân.
Mids 1990 waard Koopmans yn Ljouwert wethâlder fan ûnder oaren finânsjes. Yn febrewaris 1993 folge syn beneaming ta boargemaster fan Wymbritseradiel dat er oant 2001 bliuwe soe. Letter dat jier waard er de waarnimmend boargemaster fan Boalsert as tydlike ferfanging fan de sike Allard Schuilinga. Yn oktober 2003 waard er dêr troch Willemien Vroegindeweij opfolge. Dêrnei wie er ûnder oaren belutsen by it bestjoer fan de Fryske Akademy.
Koopmans ferstoar yn 'e âldens fan 85 jier.[1][2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|