Springe nei ynhâld

Bendiks Cazemier

Ut Wikipedy
Bendiks Cazemier
politikus
echte namme Bendiks Walter Cazemier
nasjonaliteit Nederlân
bertedatum 5 jannewaris 1931
berteplak Starum
stjerdatum 28 desimber 2024
stjerplak Sint-Nyk
etnisiteit Frysk
partij CHU
CDA
Boargemaster fan Drylts
amtsperioade 1964 - 1970
foargonger Bauke Schuurer
opfolger Henri Mumsen
Boargemaster fan Wymbritseradiel
amtsperioade 1970 - 1993
foargonger Johannes van Hout
opfolger Marten Koopmans
Boargemaster fan It Amelân (wnd.)
amtsperioade 1993 - 1994
foargonger Michiel Zonnevylle
opfolger Roel Cazemier

Bendiks Walter Cazemier (Starum, 5 jannewaris 1931 - Sint-Nyk, 28 desimber 2024) wie in Fryske boargemaster.

Cazemier waard berne yn Starum, dêr't syn heit Otto Samuel Cazemier as predikant stie. Noch yn syn bertejier ferhuze de famylje nei Dalfsen, dêr't hy opgroeide.[1] Hy begûn syn amtlike karriêre yn 1950 yn Zwollerkerspel en wurke dêrnei by ferskate gemeentes, hy wie ûnder mear amtner op de gemeentesekretary en haadkommys.

Hy waard boargemaster fan de gemeente Drylts (1964-1970) en fan Wymbritseradeel (1970-1984). Yn 1984 waarden by in gemeentlike weryndieling de eardere gemeentes Drylts en Wymbritseradeel gearfoege ta de gemeente Wymbritseradiel. Cazemier wie dêrnei oant 1993 boargemaster fan de nij foarme gemeente.[2] Hy hie meardere byfunksjes en wie ûnder oare foarsitter fan de Fryske Wyldskeakommisje en sekretaris fan it sintraal bestjoer fan Talma Rustoorden.[3] Fan 1993 - 1994 wie hy waarnimmend boargemaster op It Amelân. Hy wie lid fan de CHU en letter fan it CDA.

Cazemier ferstoar op 28 desimber 2024 yn Sint-Nyk yn 'e âldens fan 93 jier.[4][5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stamboom van Jan Lucas Cazemier
  2. Bendiks Cazemier kondigt aftreden als burgemeester aan, yn: Leeuwarder Courant, 13 novimber 1991, s. 17.
  3. Boer, Cor de, Wymbritseradiel: Cazemiers meesterwerk, yn: Ljouwerter Krante, 12 desimber 1992, s. 15
  4. Oud-burgemeester Bendiks Cazemier overleden. 'Een burgemeester moet zijn als een goede kop koffie: warm en sterk'
  5. Bendriks Walter Cazemier