Springe nei ynhâld

Willemien Vroegindeweij

Ut Wikipedy
Willemina Christina Vroegindeweij
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum14 april 1945
berteplakWaddinxveen
partijCDA
Boargemaster fan Ter Aar
amtsperioade1993 - 1997
foargongerP.J. Verhoef
opfolgerLouis Lyklema
Boargemaster fan Smilde (wnd.)
amtsperioade1997 - 1998
foargongerMeia Lantinga
opfolgerfunksje ferfallen
Boargemaster fan Ljouwerteradiel
amtsperioade1998 - 2003
foargongerMeinte Abma (wnd.)
opfolgerJo Bosma
Boargemaster fan Boalsert
amtsperioade2003 - 2011
foargongerMarten Koopmans (wnd.)
opfolgerfunksje ferfallen

Willemina Christina (Willemien) Vroegindeweij (Waddinxveen, 14 april 1945) wie tusken 2003 en 2011 de boargemaster fan de eardere gemeente Boalsert. Dêrfoar wie se ûnder oare boargemaster fan Ljouwerteradiel, waarnimmend boargemaster yn Smilde en boargemaster yn de gemeente Ter Aar.

Foardat hja boargemaster waard wurke se as fraksjesekretaresse yn de Twadde Keamer, wie se riedslid yn Maasslûs en steatelid yn Súd-Hollân.

Op 1 april 2010 gie Vroegindeweij mei pensioen, mar hja bleau dêrnei oan as waarnimmend boargemaster. Dy funksje kaam op 1 jannewaris 2011 te ferfallen, omdat dy gemeente doe opgie yn de nije gemeente Súdwest Fryslân.