Aylvastate (Wytmarsum)
De Aylvastate stie yn Wytmarsum yn de gemeente Wûnseradiel, oan de eardere haadwei fan Boalsert nei Harns, wat súdeastlik fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke. Op it stee stiet no in filla.
De stins wurdt al neamd yn 1421 as Tjaert Aylva (útspraak: Tjeerd Aalwa) de stins neilit oan syn soan Epo Aylva dy't troud wie mei Wick Sickema. Wick ferstoar op 26 maart 1475 en nei kaam oant 1515 beppesizzer Epo fan Aylva op de stins.
Yn 1747 waard de âlde stins ôfbrutsen en ferfongen troch in moderne bûtenpleats. Yn 1804 waard Aylva State iepenbier ferkocht.
Tjepke Mulier wenne op de state ûnder syn amtsperioade as grytman (1850-1851) en boargemaster (1851-1867). Yn 1860 liet er de state noch ferbouwe. Ein 19e iuw waard de famylje Ypey eigener. Dy liet it gebou yn 1900 ôfbrekke en in filla op it stee sette.
Yn 1960 waard de filla troch de destiidske eigener, de widdo Ypey-Terpstra, ferkocht oan de R.K. Zusterscongregatie Zusters van Liefde út Schijndel. Dy liet der in âldereinhûs sette.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1421 Tjaert Aylva
- Epo Aylva troud mei Wick Sickema
- - 1515 Epo fan Aylva, pakesizzer fan Tjaert
- 1586 Watze fan Aylva
- ± 1590 Sybolt Epes fan Aylva en syn frou Frouck Feyedr. fan Goslinga
- ± 1600 Ulbe Sybolts fan Aylva
- 1633 Tjaerd Ulbes fan Aylva
- 1647 Ulbo fan Aylva
- Cornelis fan Aylva
- 1747 Hobbo fan Aylva
- Tjaard fan Aylva
- - 1795 J.D. fan Aylva
- 1860 Boargemaster Tjepke Mulier
- 1879 mr. J. Klaases de Boer, notaris
- famylje Ypey
- ± 1950 widdo Ypey-Terpstra
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Elward, R. en Karstkarel, P. - Stinsen en States, adellijk wonen in Friesland (1990)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |