Springe nei ynhâld

Rommert Politiek

Ut Wikipedy
Rommert Douwe Politiek
persoanlike bysûnderheden
fakgebiet feefokkerij, genetika
berop perfester Lânbouhegeskoalle Wageningen
lân Nederlân
etnisiteit Frysk
geslacht manlik
berne 27 desimber 1926
berteplak Wûns
stoarn 22 desimber 2014
stjerplak It Hearrenfean

Rommert Douwe Politiek (Wûns, 27 desimber 1926Hearrenfean, 22 desimber 2014) wie heechlearaar feefokkerij, ien fan de grutste wittenskippers fan de Universiteit Wageningen en wurdt beskôge as de grûnlizzer fan de moderne kofeehâlderij.[1]

Rommert Politiek wie hikke en tein op in pleats yn Wûns as âldste soan fan Johannes Politiek en Ytje Nauta. Hy gie nei de MULO en de Rykslânbouwinterskoalle. Yn it lêste jier fan de Twadde Wrâldkriich dûkte er op 'e pleats fan syn âlden ûnder, om oan de Arbeitseinsatz te ûntkommen. Nei syn HBS-oplieding die er syn tsjinstplicht yn it eardere Nederlânsk Ynje. Ynstee fan it oernimmen fan 'e melkerij fan syn âlden gie er yn 1950 studearjen oan de Lânbouhegeskoalle Wageningen. Yn 1955 boaske er Aagje Boersma.[2] Nei it heljen fan syn bul sette er útein mei in promoasjeûndersyk by de fakgroep Feefokkerij, in stúdzje nei it mjitten fan it aaiwytgehalte yn molke,[3][4] dat er kombinearre mei wurk by it Frysk Kowestamboek (FRS),[5] mei betingst dat er aaiwytgegevens brûke mocht foar syn promoasjeûndersyk.[6]

Doe't er yn 1957 promovearre, ferruile Politiek it FRS en Wageningen foar it Ynstitút foar Feetyltkundich ûndersyk (IVO) en hâlde him dwaande mei op 'e praktyk ornearre ûndersyk. De ‘melkberheid’ fan kij wie part fan syn aktiviteiten. De grutte fan it oer hat in grutte erflikheidsgraad, dus dat waard al fluch oanpast oan de doe noch relatyf nije melkmasine. Ek lisboksstâlen en trochrinmelkstâlen kamen doe in bot op. Politiek liet doe tagelyk ek it ekonomysk foardiel sjen fan it stopjen mei it neimelken.[6]

Yn 1963 waard er beneamd ta lektor en doe ferhuze de húshâlding Politiek nei Rhenen. Hy wie doe al in pear jier universitêr dosint yn Wageningen.[6] Yn 1968 waard er oansteld as heechlearaar Feefokkerij.[3][4] As lektor en heechlearaar brûkte Politiek yn de 1960-er jierren moderne lesmetoaden en útgongspunten, lykas de kwantitative genetika en foarútrinnende fokkerij, mei de neidruk op foarútstribjende metoaden en op resultaat rjochtsjende bedriuwssfiering.

Politiek besette de learsofa, sa't er syn learstoel Feefokkerij graach neamde, oant 1988. Under syn promovendi wiene M.P.M. Vos, Pim Brascamp en Johan van Arendonk, heechlearaar fan de fakgroep Feefokkerij dêre.[7] Hy wie dêrnjonken jierrenlang haadredakteur fan it wittenskiplik tydskrift fan de EAAP, Livestock Production Science.

Politiek hie in miening oer it Frysk Kowestamboek dêr't er net foar omdraaide. Hy stelde op wittenskiplike grûn foar om it omtinken far uterlike skaaimerken te ferskowen nei molkproduksje. Mei help fan statistyk en rekkenmodellen koe dy ferhege wurde en waard it aaiwytgehalte ferbettere foar de tsiisproduksje.[6][8] Dêrby feroaren dus de winske eigenskippen en waard ôfstapt fan it ideaal fan de ‘dûbelddoelko’, in ko dy't njonken in reedlike molkjefte ek in rendabele hoemannichte fleis oplevere doe't er slachte wurde soe - lykas de rassen MRIJ en FH. Hy droech by oan de yntroduksje fan metoaden foar fokwearderûzing fan bollen. Ek ûnder syn ympuls woeks it oandiel Holstein-Friesian kij yn it Nederlânske feebeslach tige by tige. Hy wie ek foar it bondeljen fan gegevens, sa' t dat lang om let dien waard yn de organisaasje CR Delta.[6][1][7]

Foar syn betsjutting foar de feehâlderij en ferbetterjen fan it lânbouûnderrjocht waard perfester Politiek beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. En boppedat wie dêr mear erkenning foar syn fertsjinsten.

  • Rommert Politiek krige yn 1993 de International Dairy Production Award.
  • De EAAP Rommert Politiek Award foar de bêste poster is nei him ferneamd.
  • Jierrenlang stie er yn de Earegalery op de webside fan de Kanadeeske University of Guelph.
  • Sûnt 2009 is Politiek earelid fan de mei op syn inisjatyf oprjochte stúdzjeferiening foar studinten Soötechnyk ‘De Veetelers’.[9]
  • Yn 2004 waard Politiek keazen ta de op ien nei grutste Wageningske wittenskipper aller tiden.[10]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Strikwerda, Reimer (jan 2015). Architect moderne veeverbetering overleden; professor Rommert Politiek werd bepalend voor nieuw denken. Veeteelt 32 (1/2): 40 (oproppen op 3 maart 2020)
  2. Hja soene seis bern krije.
  3. 3,0 3,1 Stokkermans, Pieter, Professor Rommert Politiek overleden. NieuweOogst.nl (29 dec 2014). Oproppen op 3 maart 20203 maart 2020.
  4. 4,0 4,1 [ Rommert Politiek overleden]. Veeteelt.nl (29 desimber 2014). Argivearre op 3 desimber 2021. Oproppen op 3 maart 20203 maart 2020.
  5. Mear ynformaasje dêroer is te finen yn G. Abma, Kl. Jansma, et al. (red.), Encyclopedie van het hedendaagse Friesland, Ljouwert: M.A. van Seijen 1975, Stamboek, Friesch Rundfee (FRS) en by it Nederlands Rundvee Syndicaat.
  6. 6,0 6,1 6,2 6,3 6,4 Hiemstra, Anne (desimber 2005). Professor Rommert Douwe Politiek, grondlegger van de moderne veefokkerij: ‘Mode bestaat nog steeds in de fokkerij’. Melkvee Magazine 4 (23): 23-25
  7. 7,0 7,1 Grondlegger onderwijs en onderzoek fokkerij en genetica overleden. WUR.nl/Nieuws (29 desimber 2014). Oproppen op 21 novimber 202321 novimber 2023.
  8. Jacobsen, Sjouke, Professor Rommert Politiek overleden (29-12-2014). Oproppen op 21 novimber 202321 novimber 2023.
  9. Ereleden vereniging De Veetelers (Oproppen op 21 novimber 2023)
  10. Maanen, gert van; Wubbenhorst, Lydia , [ Nominatie grootste Wageninger: Rommert Politiek]. Resource.WUR.nl. Argivearre op 3 maart 2020. Oproppen op 21 novimber 202321 novimber 2023.