Frysk-Hollânske ko
Appearance
De Frysk-Hollânske ko (FH) is in koweras dat yn Nederlân har oarsprong hat.
Eartiids bestie in grut part fan de Nederlânske feestapel út dizze meast swartbûnte hoarnbisten. In lyts persintaazje fan de Frysk-Hollânske kij is fanâlds readbûnt en soms grys. It binne saneamde dûbeltdoel kij, dat wol sizze dat it ras gaadlik is foar molke- en fleisproduksje. Tsjintwurdich binne fierwei de measte boeren spesjalisearre yn molkfeehâlderij (greidboeren) of fleisfeehâlderij. Greidboeren yn Nederlân hawwe benammen Holstein-Friesian kij, in ras dat fuortkaam is út it Frysk-Hollânsk ras.
-
Polygoonsjoernaal út 1957. Fryslâns grutkens, it stamboekfee.
-
Polygoonsjoernaal út 1969. Bollekeuring fan Frysk stamboekfee yn de Fryslânhal te Ljouwert.