Aaiwyt (stof)
Appearance
(Trochferwiisd fan Aaiwyt)
Aaiwiten of proteïnen foarmje in grutte klasse fan biologyske molekulen. Hja besteane út lange keatlings fan amino-soeren. Organismen produsearje aaiwiten mei ferskillende funksjes, lykas boustoffen, enzymen en ôfwarstoffen. Foar organismen binne aaiwiten yn harren fiedsel tige wichtig. Aaiwiten sitte benammen in soad yn grienfruchten, fleis, fûgel, aaien, fisk, suvel en nuten.