Springe nei ynhâld

Wildinghe

Ut Wikipedy
Sân distrikten (1345-1500)

Wildinghe is ien fan de âlde distrikten fan Westergoa.

Wildinghe besloech nei alle gedachten earst ek Boalsert (yn 1489 noch neamd dyo tolifte deel van Woldenzera auld deel) en Aldefurd (Warkum en Hylpen). Neffens it gewoane proses fan stêdefoarming hawwe dizze har út it distrikt losmakke, mar fierders wie der gjin ferbrokkeling sadat Wildinghe net, lykas Froneckere yn dielen útienfallen is, mar bleau yn de grutte gritenij Wûnseradiel.

De namme betsjut nei alle gedachten "ein fan de wâlden" of "krite fand e wâldbewenners", dêr't "wâlden" nei de heechfeansompe ferwiist, de westlike útrinner fan in grut feangebiet, dy't oant dy krite ta rûn. De namme fan it doarp Wûns hat deselde bestjutting. Oare plakken yn de eardere gritenij mei dy útgongsfooarm binne Ferwâlde en Iemswâlde.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. M. Schroor Van Wildinghe en Waghenbrughe yn www.varenius.nl