Clara Jacoba de Vos van Steenwijk
Clara Jacoba de Vos van Steenwijk | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Clara Jacoba de Vos van Steenwijk | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 febrewaris 1869 | |
berteplak | Swol (Oerisel) | |
stoarn | 22 jannewaris 1960 | |
stjerplak | Vancouver (Britsk-Kolumbia) | |
etnisiteit | Nederlânsk Frysk | |
wurkpaad | ||
aktyf as | filantrope | |
reden bekendheid |
makke de oprjochting mooglik fan 'e Freulepartij |
Jonkfrouwe Clara Jacoba baronesse de Vos van Steenwijk[1] (Swol, 22 febrewaris 1869 – Vancouver, 22 jannewaris 1960) wie in Nederlânsk ealfrouwe en filantrope mei in Fryske mem út it slachte Van Eysinga. Hja is yn Fryslân bekend wurden (ûnder it predikaat fan frelle) om't hja yn om 1900 hinne yn Wommels jild beskikber stelde foar de oprjochting fan in keatspartij foar jonges. Dy keatspartij groeide neitiid út ta de (nei de frelle ferneamde) Freulepartij.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vos van Steenwijk waard yn 1869 berne yn Swol as telch út in âld aadlik Oeriselsk laach. Har heit, jhr. mr. Willem Jacob baron de Vos van Steenwijk, wie tsien jier lang foar it kiesdistrikt Wynskoat lid fan 'e Twadde Keamer. Hy troude trije kear, de earste twa kearen mei froulju dy't susters faninoar wiene, en dochters fan jhr. mr. Idzerd Frans van Eysinga, de grytman fan Hinnaarderadiel. De Vos van Steenwijk wie it iennichst bern út it twadde houlik fan har heit mei de twadde fan dy beide susters. Har mem wie hikke en tein op Sminiastate, yn Wommels.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vos van Steenwijk sels waard troch tiidgenoaten omskreaun as in nommele en deftige dame út 'e Nederlânske hegerein, altyd kreas yn 'e klean en bot begien mei it lot fan 'e meiminske dy't it minder troffen hie as sy. Nei't se har ferloving ferbriek, ferliet se Den Haach, dêr't se doe tahold, en sette se har tydlik nei wenjen yn Wommels, dêr't se ynloek by har folle neef Wiardus Willem Hopperus Buma, dy't doe noch oan 'e Hottingawei wenne. Op 16 novimber 1898 liet De Vos van Steenwijk harsels yn it befolkingsregister fan Hinnaarderadiel as ynwenster ynskriuwe. Op 2 septimber 1899 ferhuze hja mei de húshâlding fan har neef nei in nije filla dy't de famylje op it plak fan Sminiastate oan 'e Van Sminialeane sette litten hie.
Yn Wommels kaam de frelle foar it earst yn oanrekking mei it keatsen. Doe't se mei eigen eagen seach hoefolle wille oft de bern dêroan belibben, rekke se derfan oertsjûge dat de sport in positive ynfloed hawwe soe op 'e foarming fan jonges. Sadwaande socht De Vos van Steenwijk kontakt mei de pleatslike keatsferiening om te sjen oft sy dêr op 'e iene of oare manear oan bydrage koe. Yn oerlis waard besletten dat se jild beskikber stelle soe foar de oprjochting fan in jierlikse keatspartij foar jonges oant sechstjin jier, dy't holden wurde soe op 'e twadde woansdei fan augustus. De earste priis soe bestean út goudene klokjes, dy't ek troch frelle betelle wurde soene. De keatspartij waard ta eare fan har belangeleaze ynset nei har ferneamd as de Freulepartij, dy't hjoed de dei noch altyd de wichtichste keatspartij fan Fryslân is foar jonges yn 'e leeftydskategory fan fjirtjin oant en mei sechstjin jier.
Ear't de earste Freulepartij holden wurde koe, wie der noch hiel wat te regeljen. Sadwaande duorre it oant 10 augustus 1903 foar't it evenemint syn earste edysje belibbe. Tsjin dy tiid hie De Vos van Steenwijk Wommels alwer ferlitten. Se liet har op 22 septimber 1902 út it befolkingsregister fan Hinnaarderadiel útskriuwe, wêrnei't se ferhuze nei Ingelân. Ek dêr bleau se mar in koart skoft, foar't se fierder emigrearre nei Kanada, dêr't se har nei wenjen sette yn 'e stêd Vancouver, oan 'e westkust fan 'e provinsje Britsk-Kolumbia. Neitiid kaam De Vos van Steenwijk mar ien kear, yn 1932, wer yn Wommels. Se hold lykwols troch in duorjende briefkerij kontakt mei Oepke Hiemstra, dy't goed tritich jier foarsitter fan 'e Keatsferiening Wommels wie.
Frelle Clara Jacoba de Vos van Steenwijk kaam yn 1960 yn Vancouver te ferstjerren yn 'e hege âlderdom fan 91 jier. Yn Wommels waard har neitins eare mei in boarstbyld mei har likenis, dat makke waard troch byldhouwer Frank Zeilstra út Langsweagen. It waard op 4 augustus 1984 op De Terp, yn 'e midden fan it doarp, ûntbleate troch in Hopperus Buma út Warnsveld, dy't in pakesizzer wie fan Wiardus Willem Hopperus Buma, de neef fan 'e frelle. Alle jierren op 'e dei fan 'e Freulepartij leit it bestjoer fan 'e organisearjende Keatsferiening Wommels blommen oan 'e foet fan it boarstbyld. Datselde waard ek dien op 22 febrewaris 2019, ta gelegenheid fan 'e 150e bertedei fan 'e frelle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|