Bistedokterspraktyk It Griene Hert
Bistedokterspraktyk It Griene Hert Dierenartsenpraktijk It Griene Hert | ||
![]() | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
type | privaat | |
sektor | feterinêre tsjinstferliening | |
haadkertier | Wommels (Fryslân) | |
oprjochte | 2008 | |
offisjele webside | ||
www.itgrienehert.nl |
Bistedokterspraktyk It Griene Hert (Nederlânsk en offisjeel: Dierenartsenpraktijk It Griene Hert)[1] is ien fan 'e gruttere bistedokterspraktiken yn noardwestlik Fryslân. It bedriuw waard yn 2008 oprjochte,[2] as in fuortsetting fan 'e eardere Bistedokterspraktyk Wommels.[2]
De haadfêstiging befynt him noch altyd yn Wommels, op it bedriuweterrein oan De Lange Baan oan 'e noardkant fan it doarp.[1] Der binne ek fêstigings yn Wytmarsum, oan De Tunen, en yn Harns, oan 'e Groen van Prinstererstrjitte.[1] Yn april 2025 waard in fjirde fêstiging oan 'e Toppenhústerwei yn Snits iepene, dêr't It Griene Hert yn it gat sprong dat ûntstien wie troch de opheffing fan 'e Bistedokterspraktyk De Waterpoort yn desimber 2024.[3]

By Bistedokterspraktyk It Griene Hert wurken begjin 2025 alve bistedokters, trettjin feterinêr assistinten en twa administratyf meiwurkers.[3] It bedriuw is organisearre as in maatskip fan trije fan 'e bistedokters. It oare personiel is by harren yn 'e tsjinst.[2]
De meiwurkers fan It Griene Hert behannelje sawol lânbouhúsdieren, lykas kij en skiep, grutte hobbyhúsdieren, lykas hynders, as lytse húsdieren, lykas hûnen, katten en kninen.[1] Yn 'e oarspronklike wurkkrite op it plattelân fan 'e Greidhoeke om Wommels hinne leit dêrby wol de neidruk op bisten út 'e yntinsive feehâlderij.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]● (ned) Offisjele webside fan Bistedokterspraktyk It Griene Hert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|