Springe nei ynhâld

Kristlike Skoalle foar MAFU Nij Walpert

Ut Wikipedy
Kristlike Skoalle foar MAFU
"Nij Walpert"
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
type org. skoalle
wurkmêd middelber ûnderwiis
fêstige yn Wommels (Fryslân)
oprjochte 1920
opdoekt 1994
opgien yn Bogerman Kolleezje
offisjele webside
n.f.t.

De Kristlike Skoalle foar MAFU "Nij Walpert" wie in protestantsk-kristlike skoalle foar middelber ûnderwiis yn Wommels. Dizze ynstelling begûn yn 1920 as in ULO en letter in MULO, ûntjoech him nei de ynfiering fan 'e Mammoetwet yn 1968 ta in MAVO en krige yn 1979 de namme 'Nij Walpert'. Yn 1994 gie de oant doe ta selsstannige skoalle op yn it Bogerman Kolleezje te Snits. Yn 2018 giet de skoalle foargoed ticht.

De skoalle gie werom op 'e kristlike skoalle foar leger ûnderwiis dy't yn 1872 oan 'e Boalserterdyk (no de Hottingawei) yn Wommels fêstige waard. Yn 1920 waard dizze skoalle útwreide mei in ôfdieling foar middelber ûnderwiis, nammentlik ULO (Utwreide Leger Underwiis). De skoalle beloek datselde jiers in nij gebou oan 'e Walperterwei, dêr't de legere skoalle gebrûk makke fan ien klasselokaal en de ULO fan fjouwer. Letter folge in fierdere útwreiding mei MULO (Mear Utwreide Leger Underwiis). It tal learlingen woeks stadich oan, en yn 1956 folge de earste grutte ferbouwing.

Ut 'e kristlike legere skoalle kaam letter de Kristlike Basisskoalle "It Fûnemint" fuort, dy't fierder fan it sintrum fan Wommels ôf oan 'e Walperterwei fêstige waard. De ULO en MULO waarden yn 1968, by de ynfiering fan 'e Wet op it Fuortset Underwiis (yn 'e folksmûle de 'Mammoetwet' neamd), omfoarme ta in MAVO, dy't datselde jiers 157 learlingen út Wommels en omkriten telde (in groei fan mear as 300% foar 1955 oer, doe't der noch mar 38 learlingen west hiene). Al yn 1968 tsjinne it skoalbestjoer in oanfraach foar fierdere útwreiding fan 'e fasiliteiten yn by it Nederlânsk Ministearje fan Underwiis en Wittenskippen, mar dy waard ôfwiisd. Pas yn 1979 kaam der tastimming foar útwreiding; doe waard de MAVO foar in bedrach fan 1,2 miljoen gûne útwreide mei acht nije lokalen en in gymnastykseal, dy't efter it oarspronklike skoalgebou set waarden. Dat jiers krige de MAVO ek formeel de namme Kristlike Skoalle foar MAFU "Nij Walpert", nei de âlde state Walpert, ûnder Wommels, dêr't ek de Walperterwei nei ferneamd is.

Al sûnt de jierren tachtich waard der gearwurke mei ferskate oare skoallen foar kristlik middelber ûnderwiis yn 'e Súdwesthoeke, wêrûnder de MAVO's yn Balk, Boalsert, Koudum en Warkum, de LTS'en yn Boalsert en Snits en de Kristlike Skoallemienskip "Bogerman Kolleezje" yn Snits. Yn 1991[1] waard dy gearwurking formalisearre en kaam de Feriening foar Kristlik Fuortset Underwiis yn Súdwest-Fryslân ta stân. Nije regeljouwing fan oerheidswegen omtrint minimumoantallen learlingen twongen Nij Walpert yn 1994 ta in fúzje mei it Bogerman. Dêrby gie de eigen namme en identiteit fierhinne ferlern en waard Nij Walpert omnamme ta 'Kristlike Skoallemienskip "Bogerman Kolleezje", lokaasje Wommels'. Ek de LTS en de LEAO fan Snits en de MAVO "Zuidwest-Friesland" yn Koudum giene tagelyk mei dizze ûntwikkeling op yn it Bogerman, wylst de MAVO "Dr. J.Th. de Vissersschool" yn Warkum sletten waard.

As ûnderdiel fan it Bogerman koe de MAVO yn Wommels trochgroeie nei goed twahûndert learlingen. Nije ûntwikkelings op it mêd fan it ûnderwiisbelied twongen de skoalle mids en ein jierren njoggentich ta ferskate ferbouwings. Yn 2001 folge in grutte ynterne ferbouwing ter wearde fan 230.000, wêrnei't boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel de skoalle yn febrewaris 2002 offisjeel weriepenje mocht. De feroarings omfiemen û.m. de oanlis fan in modern ict-sintrum. Yn 2005 folge in nije ferbouwing, dy't de nije ûnderwiisideeën fan 'leargebieten' en 'lespleinen' yn it gebou ynkorporearre. Nei 2010 rûn it tal learlingen lykwols drastysk werom nei 170 yn 2012 en 108 yn 2016. Ein oktober 2016 kundige it bestjoer fan it Bogerman oan dat de 'lokaasje Wommels' dêrom oan 'e ein fan it skoaljier 2017-2018 tichtgiet.

Nije bestimming

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 12 april 2018 makke de Feriening Doarpsbelang Wommels bekend dat de skoalle oan 'e ein fan 'e simmer in nije bestimming krije soe. It histoaryske skoalgebou, dat foar it doarpsgesicht fan Wommels byldbeskiedend achte wurdt, bliuwt beholden. Der komme tolve lytse apparteminten yn foar jongerein en starters op 'e wenningmerk. De lettere oanbou oan 'e efterkant en de gymseal wurde ôfbrutsen; op it lege lân dat dêrtroch ûntstiet, wurde nochris tolve lytse wenten boud, dy't gaadlik binne foar húshâldings fan twa persoanen. Dit plan sil útfierd wurde troch de Gemeente Súdwest-Fryslân, dy't eigner is fan it gebou en de grûn.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Skiednis fan Stifting foar Kristlik Fuortset Underwiis yn Súdwest-Fryslân
  2. School Wommels wordt woonplek jongeren, yn: de Ljouwerter Krante, 12 april 2018, s. 26.

  • Bokma, Hinne, "Dat We Ticht Geane, Docht Echt Sear", yn: Op 'e Skille, 2 novimber 2016 (nû. 22/2016).
  • Bokma, Hinne, Ambitieuze School Speelde met Vernieuwingen Voortrekkersrol, yn: Op 'e Skille, 2 novimber 2016 (nû. 22/2016).