Jacobitsjerke (Wommels)

Ut Wikipedy
Jacobitsjerke (Wommels)
bouwurk
De Jacobitsjerke yn 2022
De Jacobitsjerke yn 2022
lokaasje
Gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wommels
adres Terp 19
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier skip: begjin 16e iuw
toer: 1862
Restauraasje yn 1972
boustyl Gotyk
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 21569
offisjele webside
PKN Wommels-Hidaard

De Jacobitsjerke is in protestantsk tsjerkegebou yn Wommels. Tegearre mei Hidaard foarmet Wommels Protestantske gemeente Wommels-Hidaard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel yn 2000

De Jacobitsjerke wie fan oarsprong wijd oan Jakobus de Meardere. Fan de âlde 13e-iuwske tsjerke fan dowestien binne resten fan dy stien yn de tsjintwurdige tsjerke werom te finen. Om 1500 hinne waard de tsjerke nei in brân op 'e nij boud. It koer is likernôch 30 jier jonger as it skip.

De sealtektoer fan de tsjerke waard yn 1862 ferfongen troch de hjoeddeiske toer mei in spits. Fan de âlde toer is it ûnderste diel en de eastlike muorre oant de daksnaad fan it skip bewarre bleaun. Yn de toer út 1862 hinget in liedklok (1494) fan Geert van Wou en in replika fan de troch H. Wegewaert getten klok út 1611, dy't yn 1955 getten is troch Van Bergen út Hilligerlee. It tagongsstek fan it tsjerkhôf komt fan de eardere Sminiastate (1872).

De tsjerke waard yn de jierren 1970 restaurearre. De yn 1873 op de bûtenmuorren oanbrochte pleisterlaach waard doe wer ferwidere; de finsters krigen by dy restauraasje wer stiennen trasearings en de eardere tagongen binne wer sichtber makke. Utsein it reparaasjewurk is de houten kapkonstruksje fan de tsjerke noch oarspronklik.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It protestantske ynterieur fan de tsjerke is geef en wurdt oerdutsen troch in houten tonferwulft. Ut de 17e iuw dateare de preekstoel, trije roubuorden (Duco fan Jongema, Franciscus fan Jongema, Syts fan Camminga) oan de noardwand en trije ûnderkape hearebanken; ien dêrfan út 1677 foar de famylje Van Grovestins. De fiif roubuorden út de 18e iuw yn it koar binne fan de famylje Van Sminia.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel út 1847 waard makke troch Pieter Jans Radersma (1803-1851), dy't doe 17e-iuwske pipen fan in âlder oargel brûkte. Op nijjiersdei 1868 briek der brân út. It oargel waard fannijs opmakke en wizige troch Willem Hardorff. Bakker en Timmenga restaurearre it ynstrumint yn 1922 en feroare op 'e nij de disposysje. Vermeulen restaurearre it oargel yn 1976 en brocht it safolle mooglik werom yn de âlde steat.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: