Frysk Kampioenskip Fierljeppen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Frysk Kampioenskip Fierljeppen
Fries Kampioenschap Fierljeppen
Bart Helmholt yn aksje yn 2010.
Bart Helmholt yn aksje yn 2010.
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
plak Flagge fan Winsum.png Winsum (Fryslân)
holden yn Oer it Dok
datum 2e sneon yn augustus
bysûnderheden
ôfkoarting FK Fierljeppen
soarte evenemint sportevenemint (fierljeppen)
bestean 1957 – no
org. troch Frysk Ljeppers Boun
offisjele webside
www.fierljeppenwinsum.frl

It Frysk Kampioenskip Fierljeppen (Nederlânsk en offisjeel: Fries Kampioenschap Fierljeppen) is in wedstryd fierljeppen om it kampioenskip fan Fryslân, dy't elts jier holden wurdt yn it Fryske doarp Winsum. De organisaasje is sûnt 1960 yn 'e hannen fan it Frysk Ljeppers Boun. It evenemint wurdt al sûnt jier en dei holden op 'e twadde sneon fan 'e moanne augustus. De winner fan it Frysk Kampioenskip Fierljeppen krijt sûnt 1963 de Sulveren Pols.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste Frysk Kampioenskip Fierljeppen waard op 10 augustus 1957 organisearre troch de Fryske Ljeppers Kommisje (FLK), ûnder tafersjoch fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW). De lieding wie yn hannen fan Sjoerd Span (1915-2001). It evenemint fûn plak yn Winsum, om't dêr Lânbouwurktugefabryk Miedema siet. De eigner fan dat bedriuw, Lykele Miedema, hie grutte niget oan it fierljeppen, en wie ree om it Frysk Kampioenskip te sponsorjen, mar easke yn ruil dêrfoar wol dat it yn syn doarp holden waard.

Fan 1957 oant 1985 waard it kampioenskip holden op in iendeiske akkomodaasje op De Skâns, oer de Sint-Japiksfeart. By de earste edysje kaam net ien fan 'e fierljeppers oer de feart hinne. De reden dêrfoar wie dat der yn dy tiid noch út stân ljept wurde moast, en men dus gjin oanrin nimme mocht. By de twadde edysje wiene de foarsjennings better; sa wie der doe in stalt boud, sadat de fierljeppers net mear fan 'e ôfrinnende wâl ôf hoegden te springen.

Op 31 jannewaris 1959 waard it Bûn foar Fryske Polsspringers (BVFP) oprjochte, dat begûn mei in eigen kampioenskip. Sa bestiene der alve jier lang twa Fryske kampioenskippen fierljeppen njonkeninoar: dat fan 'e FLK yn Winsum en dat fan it BVFP op De Rottefalle. Op 13 jannewaris 1960 ûntstie út in fúzje fan 'e FLK en it BVFP it nije Frysk Ljeppers Boun. Der kaam doe ien Frysk Kampioenskip, en dat waard holden yn Winsum, om't ornearre waard dat dat de âldste rjochten hie.

Yn 1959 waard der in Winsum foar it earst njonken in kampioenskip foar manlju ek in Frysk Kampioenskip Fierljeppen foar froulju en ien foar junioaren organisearre. Yn 1976 waard de kategory jonges (jonger as junioaren) tafoege, en yn 2015 de kategory famkes. Anno 2018 fynt it Frysk Kampioenskip Fierljeppen dus plak yn fiif ûnderskate kategoryen. Sûnt 1985 wurde de wedstriden holden op 'e fêste akkomodaasje op it sportfjildekompleks Oer It Dok, efter it eartiidske fierljepplak oan De Skâns.

Frysk Kampioenen by de manlju en de froulju[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

manlju
jier winner ôfstân (m)
1957 R. Jongema 10.20
1958 Lolke van der Sloot 10.61
1959 Jan Wijnja 11.59
1960 Jan Wijnja 12.26
1961 Jan Wijnja 11.60
1962 George Valkema 13.20
1963 Roel Bokke Span 13.40
1964 George Valkema 13.94
1965 Roel Bokke Span 14.04
1966 Roel Bokke Span 14.09
1967 Roel Bokke Span 14.06
1968 George Valkema 14.25
1969 Roel Bokke Span 14.66
1970 Roel Bokke Span 14.40
1971 Roel Bokke Span 15.67
1972 Roel Bokke Span 15.12
1973 Evert Wilstra 15.56
1974 Jouke de Vries 16.73
1975 Evert Wilstra 16.51
1976 Evert Wilstra 17.02
1977 Klaas Leistra 17.17
1978 Rindert Rosier 15.88
1979 Catharinus Hoekstra 16.45
1980 Catharinus Hoekstra 17.03
1981 Klaas Leistra 17.17
1982 Catharinus Hoekstra 17.55
1983 Gerard Vlieger 17.48
1984 Gerard Vlieger 18.25
1985 Gerard Vlieger 17.60
1986 Gerard Vlieger 18.72
1987 Rimmer Abma 17.62
1988 Rimmer Abma 17.63
1989 Gerard Vlieger 18.16
1990 Gerard Vlieger 17.44
1991 Johan Oldewarris 16.69
1992 Rimmer Abma 17.45
1993 Wybe Valkema 17.97
1994 Bjinse Wolters 17.43
1995 Bjinse Wolters 17.91
1996 Marcel Nijboer 17.54
1997 Marcel Nijboer 18.41
1998 Bjinse Wolters 18.04
1999 Rimmer Abma 17.67
2000 Rimmer Abma 17.69
2001 Henk Schievink 17.41
2002 Henk Schievink 18.08
2003 Rients van der Wal 18.19
2004 Henk Schievink 18.17
2005 Klaas Haanstra 18.03
2006 Bart Helmholt 19.37
2007 Henk Schievink 19.21
2008 Bart Helmholt 19.93
2009 Bart Helmholt 20.51
2010 Bart Helmholt 21.10
2011 Thewis Hobma 20.83
2012 Bart Helmholt 20.17
2013 Bart Helmholt 20.82
2014 Bart Helmholt 21.42
2015 Oane Galama 20.22
2016 Oane Galama 21.08
2017 Nard Brandsma 20.72
2018 Ysbrand Galama 19.85
2019 Nard Brandsma 21.68
froulju
jier winneresse ôfstân (m)
1959 Aukje Spijkstra 8.67
1960 Hiske Penninga 8.93
1961 Hiske Penninga 10.39
1962 Hiske Penninga 10.24
1963 Hiske Penninga 10.29
1964 Janny de Vries-De Jong 10.58
1965 Janny de Vries-De Jong 10.56
1966 Hiske Penninga 10.19
1967 Klaske Rosier 10.28
1968 Hiske Penninga 9.62
1969 Hiske Penninga 10.46
1970 Ada Meuleman-De Wit 10.55
1971 Jikke de Vries-De Jong 11.31
1972 Jikke de Vries-De Jong 11.65
1973 Jikke de Vries-De Jong 11.38
1974 Jikke de Vries-De Jong 10.73
1975 Tineke Vlieger 11.82
1976 Wil van den Berg 12.23
1977 Jellie Hofstra 12.26
1978 Tineke Vlieger 12.99
1979 Tineke Vlieger 13.27
1980 Tineke Vlieger 13.86
1981 Tineke Vlieger 14.18
1982 Tineke Vlieger 13.80
1983 Etty Kramer-Spriensma 13.98
1984 Ada Valkema 13.00
1985 Jetty Bouma 12.99
1986 Etty Kramer-Spriensma 13.77
1987 Jettie Bouma 12.89
1988 Etty Kramer-Spriensma 13.51
1989 Etty Kramer-Spriensma 13.37
1990 Jantina de Vreeze 13.09
1991 Ada Valkema 14.07
1992 Etty Kramer-Spriensma 13.86
1993 Antke van der Wal 13.94
1994 Margreet Kamminga 13.39
1995 Antke van der Wal 14.55
1996 Antke van der Wal 13.93
1997 Jetty Bouma 14.59
1998 Antke van der Wal 14.08
1999 Antke van der Wal 13.64
2000 Antke van der Wal 14.37
2001 Antke van der Wal 13.32
2002 Antke van der Wal 14.05
2003 Antke van der Wal 13.77
2004 Ineke Prins 14.05
2005 Sjoukje Tjalma 15.56
2006 Janneke Noordmans 13.98
2007 Anna Jet Leyenaar 14.81
2008 Anna Jet Leyenaar 14.94
2009 Anna Jet Leyenaar 15.81
2010 Hiske Galama 15.28
2011 Hiske Galama 15.91
2012 Hilianne van der Wal 15.58
2013 Klaske Nauta 14.39
2014 Marrit van der Wal 15.54
2015 Hiske Galama 15.44
2016 Marrit van der Wal 15.32
2017 Klaske Nauta 15.64
2018 Sigrid Bokma 14.94
2019 Marrit van der Wal 16.63

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: