Bart Helmholt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bart Helmholt
Mei it Nederlânsk rekord yn Burgum

Bart Helmholt (Hurdegaryp?, 19 augustus 1982) is in jonge Fryske Fierljepper út Hurdegaryp. Helmholt komt út yn de Senioaren Topklasse foar de Ljeppersklup Bergum. Op it stuit stiet hy earste yn it klassemint fan it Frysk Ljeppersbûn (FLB).

It persoanlike rekord fan Helmholt is tagelyk ek it Fryske en Nederlânske senioaren ljeprekord. Op 5 augustus 2010, kaam Helmholt op de thúsbarte fan syn klup yn Burgum oant de 21,26 meter. Hy ferbettere dêr syn eigen rekord wat hy in jier earder op it Nederlânsk kampioenskip yn Jaarsveld op 21.01 brocht hie.[1] Bart Helmholt is de ienichste ljepper dy't oer de 21 meter ljept hat.[2] Op 27 augustus 2011 sprong Helmholt yn Linschoten in nij Nederlânsk rekord fan 21.51 meter. Op 10 septimber 2011 sprong Helmholt yn Amersfoort 22.34 meter.

Súksessen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlânsk kampioen Senioaren
2003, 2006, 2007, 2008, 2009, 2011
Nederlânsk kampioen Junioaren
2002
Frysk kampioen Senioaren
2006, 2008, 2009
Frysk kampioen Junioaren
2001, 2002
NFM kampioen Senioaren
2003
NFM kampioen Junioaren
2001, 2002

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1], Offisjele rekôrds fierljeppen (sjoen op 31 oktober)
  2. [2], Nij rekôr Bart Helmholt