Springe nei ynhâld

Wil van den Berg

Ut Wikipedy

Willem (Wil) van den Berg (22 febrewaris 1951 - 7 novimber 2025) [1] wie in Nederlânsk politikus fan it CDA.

Hy waard grut op It Hearrenfean en studearre bedriuwsekonomy en rjochten yn Grins. Dêrnei wurke er foar de gemeenten Katwyk en Nootdorp en yn 1990 waard hy gemeentesekretaris yn De Lier. Dêrnjonken hat er jierrenlang Steatelid west. Yn 2001 gie wer werom nei it noarden om boargemaster fan Ferwerderadiel te wurden dy't op 1 jannewaris 2019 opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Hy wie foarsitter fan de CDA-bestjoerdersferiening Fryslân en ek foarsitter fan de Stichting ta Behâld fan Tsjerklike gebouwen yn Fryslân.

Dêrneist wied er fice-foarsitter fan de Stichting Markant en sûnt 1 jannewaris 2020 bestjoerslid fan de Stichting Bouwcultuur Fonds Friesland.

Van den Berg stoar nei in lang siikbêd yn de âldens fan 74 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: