Rimmer Abma

Ut Wikipedy

Rimmer Abma (1963?) is in fierljepper út Heech.

Rimmer Abma waard 9 kear kampioen: 1x by jonges, 3x by de junioaren en 5x by de senioaren. Syn persoanlik rekord fan 18.45 m ljepte er yn Drylts yn 1993. Yn 1999 waard er yn Boalsert "Bêste Sportman fan Fryslân" en wûn dêrmei in mountainbike. Krige yn 2000 de Fryske Sportpriis foar in soad jierren op topnivo ljeppen en it propagearjen fan de fierljepsport. Dy bestiet ûnder mear út in sulveren ring mei readgouden pompeblêd en F1000,-.

Abma waard foar syn wurk as foarsitter fan ûnder oare de Fierljepfering Drylts en oar frijwillgerswurk, beneamd ta lid fan de Oarder fan Oranje-Nassau[1]

Earelist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nederlânsk Kampioen Senioaren 1993, 1998
  • Nederlânsk Kampioen Junioaren 1982
  • Nederlânsk Kampioen Jonges 1978
  • Frysk Kampioen Senioren 1987, 1988, 1992, 1999, 2000
  • Frysk Kampioen Junioaren 1980, 1981, 1982
  • Frysk Kampioen Jonges 1978
  • NFM Kampioen Senioaren 1991
  • NFM Kampioen Feteranen 2005, 2007

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: