George Valkema

Ut Wikipedy

George (Sjors) Valkema (De Jouwer, 1942) wie in Fryske fierljepper út De Jouwer. Syn persoanlik rekord fan 14.18 meter helle er yn Burgum op 28 augustus 1976.

Yn 1962 waard de 19-jierrige automonteur en lettere rydynstrukteur Valkema Frysk Kampioen fierljeppen yn Winsum. Hy die dat mei in rekôrsprong fan 13,20 meter. Hy sprong sa ûnferwacht fier dat hy oan de oare kant fan de Sint Japik bûten it sânbêd lanne op de fototassen fan de fotografen.

Yn 1964 waard er fannijs Frysk Kampioen fierljeppen. [1] Nei in mindere foarronde herstelde him mei 13,94 by de earste en 13,56 by de twadde sprong. Dy twadde sprong wie net de fierste mar wol de moaiste. De krante skreau: 'Hy klom, draaide ien kear om de pols hinne mar „linich as in lekken herstelde hy him mei in soepele ôfsprong.'

Yn 1968 waard hy wer kampioen doe't hy de Stienzer Roel Bokke Span opfolge mei in sprong fan 14,25 meter.[2]

Dêrnei wie it oant 1972 alle kearen Roel Bokke Span dy't mei de krâns en de sulveren pols nei hûs gie.[3] Mei syn broer Jetze Valkema learde hy harren buorjonge Henk van der Velde, in lettere kampioen, it fierljeppen. [4]

Yn augustus 1969 gie hy mei Roel Bokke Span nei Japan om it fierljeppen te promoaten foar in Japansk kommersjeel telefyzjestasjon.[5][6]

Titels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Frysk Kampioen Senioaren: 1962, 1964, 1968
  • Frysk Kampioen Junioaren: 1960, 1961

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. George Valkema 13 herovert titel op Roei Bokke Span yn: LC, 24 augustus 1964
  2. Duizenden bij kampioensljeppen in Winsum Geweldige sprong van George Yalkema uit Joure 14 mtr 25 yn: Ljouwerter Krante, 19 augustus 1968, side 13
  3. Roel Bokke Span: Ik wie net altyd de beste, ik ha faak gelok hân’', Ljouwerter Krante, 12 augustus 2006
  4. De zestien meter lijkt me haalbaar, yn Ljouwerter Krante, 5 augustus 1970
  5. Leidsch Dagblad, 29 augustus side 15
  6. Geweldige reis, zeggen G. Valkema en R.B. Span, yn: LC 26 augustus 1969