Marrit van der Wal
Marrit van der Wal (Warkum, 21 july 1998) is in earder Fryske fierljepster. Sy wennet en wurket yn Eindhoven.
Sy docht de oplieding chemical engineering and chemistry yn Eindhoven. Sy hat in bachelor helle oan it Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Dêrnei hat se in Master water technology folge oan The Wetsus Academy, ek yn Ljouwert.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Marrit van der Wal is al jong begûn mei fierljeppen, har fierljepkarriêre begûn yn It Heidenskip. Yn har karriêre hat Marrit in soad deititels wûn, oan grutte toernoaien meidien en titels wûn op grutte toernoaien as it NK (Nederlânsk kampioenskip fierljeppen) en it Frysk Kampioenskip Fierljeppen (FK). Sy wûn har earste echte, bysundere priis yn 2014 mei yn Frysk rekôr fan 16,57 meter. Rillegau dêrnei sprong sy as earste frou oer de 17 meter. Yn 2016 pakte Marrit it Nederlânsk rekôr en waard sy de sporter fan it jier. Yn 2019 gie Marrit as earste frou oer de 18 metergrins. Sy hat it FK wûn yn 2014, 2016, 2019, 2021 en 2022. It NK wûn sy yn 2021 en it NFM yn 2021 en 2022.
Yn har karriêre wiene der ek grutte tsjinslaggen troch blessueres. Yn 2013 hie se in polsblessuere troch in brutsen polsstôk en yn 2018 in blessuere oan de krúsbân en har skinen.
Yn septimber 2023 hold sy op mei fierljeppen om reden fan har stúdzje.