Springe nei ynhâld

Lykle Miedema

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lykele Miedema)

Lykle Sybrens Miedema (Winsum, 11 desimber 1905 - Ljouwert (stêd), 18 jannewaris 1974) wie in fabrikant fan lânbou-ark en reau, oprjochter fan Miedema Machinefabrieken.

Yn 1940 hierde Lykele Miedema in part fan it leechstaande suvelfabryk yn Winsum en rjochte dy yn foar de fabrikaazje fan lânbouweinen en elektryske lânôffredingsapparaten. Letter waarden der ek tranporteurs en sûkerreidweinen makke. Yn 1957 waard de ûndernimming in NV. Der waard foar it binnenlân produsearre mar der waard ek eksportearre nei it Heine, Midden- en Fiere Easten, Noard-Afrika, Súd-Amearika, Belgje en Dútslân. Mids fyftiger jierren wurken der sa'n 125 man.

Miedema siet ek yn in komitee fan fûgelwachters, wêrûnder de Stienzer boer Sjoerd Span, de heit fan Roel Bokke Span dat yn 1957 it fierljeppen yn Winsum opsette. Dêr waard doe fuort in Frysk Kampioenskip hâlden.

  • Luuk van der Veen, Bij leven en welzijn. Fabrikant en ondernemer Lijkele Miedema 1905-1974.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: