Springe nei ynhâld

Lolke van der Sloot

Ut Wikipedy
Lolke van der Sloot
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lolke van der Sloot
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1940
berteplak Winsum? (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport fierljeppen
debút 1957
karriêre-ein 1960
wichtige prestaasjes
Frysk Kampioenskip Fierljeppen 1958

Lolke van der Sloot (Winsum?, 1940) is in Frysk ûndernimmer en âld-fierljepper. Hy wûn yn 1958 it Frysk Kampioenskip Fierljeppen by de senioaren (manlju) yn syn wenplak Winsum. Omstannichheden wjerholden him der lykwols fan om him op fierdere persoanlike ûntwikkeling yn dy sport ta te lizzen.

Van der Sloot waard yn 1940 berne, foar 't neist yn it Fryske doarp Winsum, dêr't er syn hiele fierdere libben wenne. As bern mocht er graach fierljeppe. Dy sport waard yn syn jonkheid troch de Winsumer jongerein krekt sa'n soad beoefene as knikkerjen yn oare plakken. Yn 1957 organisearre de Fryske Ljeppers Kommisje (FLK) yn Winsum it earste Frysk Kampioenskip Fierljeppen. Winsum waard dêrfoar keazen om't it evenemint sponsore waard troch Lykele Miedema, de eigner fan 'e Winsumer Lânbouwurktugefabryk Miedema. Van der Sloot, dy't doe santjin jier wie, die mei, mar ferlear fan R. Jongema fan Dronryp.

Yn 1958 wie Van der Sloot op 'e nij fan 'e partij. It kampioenskip foar senioaren wie doe ferdield yn fiif klassen, en hy die mei yn 'e klasse fan 17 oant en mei 23 jier. Mei in sprong fan 10,76 m wûn er it fan alle oaren yn syn klasse. Dêrnei streamde er troch nei de finale, wêryn't er it opnimme moast tsjin tolve oaren dy't troch de klasse-omgongen hinne kommen wiene. Mei in sprong fan 10,61 m waard Van der Sloot doe Frysk kampioen fierljeppen.

Yn 1959 woed er wer meidwaan, mar doe wied er yn militêre tsjinst. Yn in fraachpetear yn 2018 fertelde Van der Sloot oer de muoite dy't er dwaan moast om oan it kampioenskip diel te nimmen. Syn sportlearaar fûn fierljeppen earst net iens in echte sport, mar nei't er der in reportaazje oer sjoen hie yn in Polygoonsjoernaal, feroare er fan gedachten. Dochs koe Van der Sloot earst gjin ferlof krije. Der wie in offisjeel fersyk oan 'e bataljonskommandant foar nedich om dat foarinoar te bemachtigjen. Doe mocht er om 10.00 oere moarns út Amersfoart nei Fryslân.

Op it stasjon waard er fuortendaliks oanholden troch in maresjesee, dy't miende dat er sûnder ferlof op 'en paad wie. Nei't er syn (skreaune) tastimming sjen litten hie, mocht er de trein nimme. Op it Stasjon Ljouwert waard er wer tsjinkeard, wat foar nij opûnthâld soarge. Uteinlik kaam er oan op Stasjon Hatsum, tusken Baaium en Dronryp, en dêrwei reizge er by ien efterop 'e fyts nei Winsum, dêr't er krekt op 'e tiid oankaam om oan it kampioenskip mei te dwaan. Dat jiers sprong Van der Sloot 11.55 m yn syn klasse, mar yn 'e finale ferlear er mei in fierste sprong fan 11,41 m fan Jan Wijnja fan Wurdum, dy't 11.59 m sprong.

Dêrnei wie it gau dien mei Van der Sloot syn karriêre as fierljepper. Yn 1960 mocht er net meidwaan oan it Frysk Kampioenskip, om't it betingst ynfierd waard dat men teminsten twa wedstriden bûten it eigen doarp springe moast. Om't er noch altyd yn tsjinst wie, rêde er dat net op. Yn it fraachpetear yn 2018 joech Van der Sloot oan dat der mear dingen wiene dy't him dwerseiden. Sa wiene de polzen fan Winsum yn Stiens bedarre, sadat er, as er al ferlof hie, net even fluch oefenje koe. Hy hie graach fierder wold yn it fierljeppen, mar dat waard him doe troch omstannichheden behindere. Dêrnei ferlear er de belangstelling foar de sport. Hy wurke as timmerman, troude, stifte in gesin, en yn 1977 rjochte er yn Winsum syn eigen boubedriuw op. Yn 2000 gie Van der Sloot mei pinsjoen en waard it bedriuw oernommen troch syn soan Hero.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: