Springe nei ynhâld

Stasjon Dronryp

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stasjon Hatsum)
Stasjon Dronryp
station Dronryp
Stasjon Dronryp yn 2019
Stasjon Dronryp yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente De Waadhoeke
plak Dronryp
adres Hatzum 15
arsjitektuer
stasjonskoade Drp
type Trochgongsstasjon
iepening 27 oktober 1863
boujier 1863
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Steatsline B
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Dronryp (Waadhoeke)
Stasjon Dronryp

Stasjon Dronryp, lokaal bekend as Stasjon Hatsum, is in stasjon yn 'e buorskip Hatsum, ûnder Dronryp, oan it spoar fan Harns nei Ljouwert. It stasjon waard iepene op 27 oktober 1863. Fuort njonken it stasjon stiet it restaurant Op Hatsum.

1e stasjonsgebou stasjon Dronryp yn 1971
loket op stasjon Dronryp yn 1975

It oarspronklike spoarweistasjon fan Dronryp wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1868 waard der oan de linkerkant in fleugel oanboud, yn 1899 kaam der oan de rjochterkant in selde fleugel 1915 krige it middenpart der in ferdjipping by.

It stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrútsen, yn 1975 kaam der yn lyts gebouke dat omskreaun wurde kin as in ferlytse ferzje fan Standerttype Velsen-Zeeweg as loket foar treinkaartsjes en fan wêr út de oergong waard betsjinne, dit gebouke waard yn 1995 ôfbrútsen.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 2
37200
Stoptrein (Arriva) LjouwertDeinumDronrypFrjentsjerHarnsHarns Haven Rydt oerdei in oeretsjinst, yn de moars en jûns oeren wurd in healoeretsjinst riden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Spoarstasjons yn Fryslân
Hjoeddeiske stasjons: Akkrum | Bûtenpost | Deinum | Drylts | Dronryp | Feanwâlden | Frjentsjer | Grou-Jirnsum | Harns | Harns-Haven | It Hearrenfean | Hylpen | Hurdegaryp | Koudum-Molkwar | Ljouwert | Ljouwert-Kammingabuorren | Mantgum | Snits | Snits-Noard | Starum | Warkum | De Westereen | Wolvegea
Eardere stasjons (Steatslinen): Ljouwert - Achter de Hoven | It Hearrenfean-Iisstadion
Takomstige stasjons (Steatslinen): Ljouwert-Werpsterhoeke
· · Berjocht bewurkje