Springe nei ynhâld

Fierljeppen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fierljepper)
Fierljeppen op It Hearrenfean
Fierljeppen op It Hearrenfean
It fierljeppersmonumint yn Drachten fan Hans Mes

Fierljeppen is in machtsport dy't fral yn Fryslân, mar ek in Utert en Grinslân, in soad dien wurdt. Mei in pols moat sa fier mooglik oer it wetter hinne sprongen wurde.

Al op 24 augustus 1767 waard de earste offisjele fierljepwedstriid hâlden. De wedstriid fûn plak yn Baard en waard organiseare troch de widdo fan kastlein Ype Gerbens. It ljeppen kende fuortendaliks al yn sekere tradysje, want 4 jier letter organiserre har opfolger Nannes Jetses opnij in ljepwedstriid te Baard om prizen. Twa iuwen letter, yn 1957 waard te Winsum it earste Fryske Kampioenskip halden. Dat wie it begjin fan in nije sport, ûntstien fanút in iuwenâlde tradysje. Yn 1960, waard it Frysk Ljeppers Bûn (FLB) oprjochte. Dat bûn organisearret benammen wedstriden yn Fryslân en Grinslân. Sa organisearet it FLB alle jierren it Frysk kampioenskip Fierljeppen. Dit wurdt altiten hâlden op de twadde sneon fan augustus, op de skâns fan Winsum. Mei de oprjochting fan it FLB koe in begjin makke wurde mei it strukturearjen fan de fierljepwedstriden. Tsien jier letter waard it Polsbûn Hollân oprjochte dat wedstriden yn oare parten fan it lân organisearre.

De fierljepsprong bestiet út de oanrin nei de pols (dy't yn it wetter klearstiet), de ynsprong, it klimmen nei de top (by de sweef oer it wetter) en in útsprong mei lâning. Eardat de sprong makke wurde kin wurdt de pols earst (troch de ljepper of syn coach) op it krekte plak yn it wetter setten. De ljepper bepaalt sels de ôfstân tusken de ein fan de skâns en wêr't de pols komt te stean. Hoe grutter dizze ôfstân, hoe fierder der sprongen wurde kin, mar evenredich wurdt de kâns op mislearjen fan de sprong (it heljen fan in wietsprong) ek grutter. De pols wurdt mei in gaffelstôk troch de polshâlder op it goede plak holden. Dêrnei rint de ljepper nei it startpunt en jout oanwizings oan de polshâlder om de pols rjocht te setten. Hjirby wurdt as it nedich is rekken holden mei de wynrjochting. Eltse ljepper hat foar it meitsjen fan in sprong twa en in heale minút tiid; earst giet it ljocht op oranje en in heale minút letter op read. Springt de ljepper yn read ljocht, dan sil de sprong ûnjildich ferklearre wurde. Om in lêste oanwizing jaan te kinnen en foar de feilichheid rint der by de oanrin in oare ljepper of in coach mei. Der binne ferskate wizen fan ynspringen, trochswaaien en klimmen. Ek wurde der ferskate útsprongen tapast. Nei de lâning yn it sânbêd wurdt de sprongen ôfstân mjitten, fan de yn it sânbêd oanbrochte mjitline ôf. Dizze leit, mjitten fan de foarkant fan de skâns ôf, by de jonges/froulju op in ôfstân fan 12/13 meter, by de middelste skâns op 14 meter en by de manlju/senioaren skâns op 15 meter. De efterste yndruk yn it sânbêd is foar it mjitten fan de sprongen ôfstân bepalend. De ôfstân wurdt allinich opmjitten at de ljepper binnen de saneamde sektor lâne is. Dizze is oanjûn middels linten befêstige oan de mjitline. Fansels is de ljepper mei de fierste ôfstân de winner. De leden fan de Technyske Kommisje (TK-ers) karre foar elke wedstriid de akkomodaasje en hawwe by de wedstriid de skiedsrjochtersrol.

Jierrenlang hat it rekord fan it fierljeppen by de manlju senioaren op 19,40 meter ston, yn 1991 sprongen troch Aart de With út Benskop. Sûnt de ynfier fan de karbonpols yn 2006 is dit rekord oanskerpe. Op 2 july 2006 wie Bart Helmholt de earste dy't der oer hinne sprong; hy sprong doe nei de 19,48 meter. Op 24 augustus 2009 wist er nei 21,01 meter te springen. Ek oare ljeppers hawwe ûnderwilens foarby it âlde rekord sprongen. Ek op it stuit hat Bart Helmholt it rekord yn hannen. Yn 2010 sprong Helmholt yn Burgum in nij rekord: 21.26 meter

It rekord by de froulju is sûnt 2015 in hannen fan Dymphie van Rooijen. Hja sprong yn dat jier yn Linskoat 17,14 meter, nei't hja dat jier it rekord op 20 juny yn Drylts kwytrekke wie oan Marrit van der Wal.

Nederlânske rekords

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kategory Namme Ofstân Datum/plak
Senioaren Jaco de Groot (Kamerik) 22.21 meter 12 augustus 2017, Zegveld
Junioaren Reinier Overbeek (Benschop) 21.38 meter 19 augustus 2019, Burgum
Jongens Wisse Broekstra (Tsjummearum) 20.72 meter 19 septimber 2020, Burgum
Froulju Marrit van der Wal (It Heidenskip) 18.19 meter 31 july 2019, Burgum
Famkes Hanneke Westert (Snits) 17.63 meter 24 augustus 2022, Burgum
Kategory Namme Ofstân Datum/plak
Senioaren Nard Brandsma (Warkum) 21.68 meter 11 augustus 2019, Winsum
Junioaren Rutger Haanstra (It Heidenskip) 20.53 meter 18 septimber 2021, Burgum
Jongens Wisse Broekstra (Tsjummearum) 20.72 meter 19 septimber 2020, Burgum
Froulju Marrit van der Wal (It Heidenskip) 18.19 meter 31 july 2019, Burgum
Famkes Hanneke Westert (Snits) 17.63 meter 24 augustus 2022, Burgum

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fierljeppen fan Wikimedia Commons.