Frysk Ljeppers Bûn

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

It Frysk Ljeppers Bûn is in organisaasje fan fierljeppers dy 't yn 1957 oprjochte waard op in gearkomst fan fûgelwachters yn Winsum. Animator wie Sjoerd Bokke Span dy't by de oprjochting foarsitter waard. It haadbestjoer bestiet út 5 leden. De Technyske Kommisje telt 7 leden.

Yn 1974 wienen der 15 ôfdielings mei sa'n 150 aktive leden. Yn 2010 bestiet it bûn út de ôfdielings Bûtenpost, It Heidenskip, Burgum, Drylts, Gryptsjerk (Grinslân) en Winsum (Fryslân).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: