Annatsjerke (Winsum)
Annatsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Winsum | |
adres | Spannumerdyk 5 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1891 | |
arsjitekt | W.Th. Nauta |
De Annatsjerke is in tsjerkegebou yn Winsum, yn 'e Fryske gemeente De Waadhoeke (foarh. Littenseradiel). It is de grifformearde tsjerke fan Winsum, dy't noch altyd yn gebrûk is by de grifformearde gemeente fan it doarp. Nettsjinsteande it feit dat de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke en de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân yn 2004 fúzjearre binne ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân, hawwe de grifformearde en herfoarme gemeenten yn Winsum nammentlik noch altyd net de lapen gearsmiten (en meitsje dêr ek gjin risselwaasje ta).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Annatsjerke stiet oan 'e súdwestlike grins fan 'e beboude kom fan Winsum, oan 'e Spannumerdyk, dy't dat út giet nei Spannum. It gebou makket as sadanich diel út fan 'e Brêgebuorren, ien fan 'e beide histoaryske buorrens fan Winsum (de oare is de Tsjerkebuorren mei de herfoarme Marijetsjerke).
De Annatsjerke waard yn 1891 boud nei in ûnwerp fan W.Th. Nauta fan Hilaard. De tsjerke is net ferneamd nei de hillige Anna, mar nei in Anna Strikwerda, in grifformearde sindelinge út Winsum dy't yn 'e tweintichste iuw yn Afrika fermoarde is.
It oargel is boud troch Bakker & Timmenga en datearret út 1897. Dêrfoar is gebrûk makke fan âldere eleminten fan omtrint 1750, dy't ôfkomstich wiene fan it oargel fan 'e minnistetsjerke yn Stienwyk. De Annatsjerke waard yn 1971 yngeand ferboud; doe is û.m. de âlde pastory sloopt, sadat der rjochts fan 'e tsjerke (lofts as men der foar stiet) in oanbou setten wurde koe. Ek hie de Annatsjerke oarspronklik in lyts tuorke, dat letter fuorthelle is.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |