Springe nei ynhâld

Guus Hellegers

Ut Wikipedy
Fedde Schurer, It Hearrenfean, 1974
Underweis, Stedskuierpark Eindhoven

Gustaaf Theodoor Marie (Guus) Hellegers (Teteringen, 30 juny 1937 - Steggerda, 7 febrewaris 2019) wie in Nederlânsk byldhouwer en medaljeur.

Hellegers folge in oplieding oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keusten yn De Haach (1959-1964) en krige dêrnei in beurs foar it Nasjonaal Heger Ynstitút foar Skoandere Keunsten yn Antwerpen. Hy wurket as byldhouwer yn brûns en stien. As medaljeur is Hellegers autodidakt, hy makke ferskate pinningen yn opdracht.

Hellegers wie in oantal jierren (1972-1975) keunstkritikus foar de Ljouwerter Krante. Hy wie dosint oan de Akademy Minerva yn Grins fan 1982 oant 1991.

Hellegers krige ferskate prizen, dêrûnder de Grand Prix fan de Fédération Internationale de la Médaille (Fidem) yn 1996 en de Hannie Mein Keunstpriis yn 2006.

Wurken yn de iepenbiere romte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
lokaasjetitel/omskriuwingmateriaaljier
Eelde, Haadwei 76It Bestjoerbrûns± 2006
EindhovenTandembrûns1982
Emmen, Not. OostingstrjitteUnderweisbrûns1987
It HearrenfeanFedde Schurerbrûns1974
Ljouwert, EeskwerdHynder mei akrobatebrûns1975
Utert, Prins BernhardleaneTwa hannenbrûns1987
WolvegeaAurorabrûns1998

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]